Westermar Toaniel spilet ‘In gekkehûs yn ’t sikehûs’: in skitterjend stik spile yn in prachtich dekôr

Door: Douwe Bijlsma Cultuur en uitgaan
Afbeelding
Foto Piebe van den Berg

DE JOUWER - ‘In gekkehûs yn ’t sikehûs’: skreaun troch Wilma Renes-Leertouwer, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra. De resinsje is fan Piebe van den Berg.

Wat daliks opfalt is dat alle spilers in ‘headset’ op hawwe. Dat is nij dit jier en wat in foarútgong. Eltse spiler is no tige goed te ferstean, sels hielendal achteryn de seal. De ‘headsets’ wurde betsjinne trochde nije gelûd man Michael de Boer. Yn it begjin sjogge we Alinda Bosman op it toaniel mei in stofsûger. Se hat alles al poetst en stofsûge,mar it bliuwt in rommel. It is in gaos yn it sikehûs, troch dat der ferbout wurdt en der is ek nochtemin personiel.

Seal 13 wurdt derom tydlik yn gebrûk nommen, in ferâldert hok mei gjin fasiliteiten.Haadsuster Riny (Gelbrich Kuiper) hat it er mar dreech mei. Gelbrich set dizze rol wer searoertsjûgjend del. Se moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande Jan-Pieter-JP (Nanne deJong) en de sullige trage suster Bep (Ankie Brouwer). Nanne fielt him as in fisk yn it wetter yn dizzerol.Riny giet sels safier dat se de skjinmaksters Janny (Loes Zijlstra) en Jeltsje (Margaretha Braaksma)ynset as ferpleechsters. Margaretha docht it wer treflik yn dizze rol.

De seal rint fol mei pasjinten: Cohen (Roel ten Hoeve) komt fan de OK. Hij is folslein út de tiid en kin net iens bewege troch allegips. Dit is unyk want Roel set sels gjin stap op it toaniel. Yn alle jierren dat er meispilet, hat er neaearder in ‘lizzende rol’ hân. Dan komt de dôve Frou Visser (Laura Hoomans) seal 13 yn. Laura spiletde rol fan in âld wyfke hiel goed. Dernei wurdt Kuperus (Harm Jan Muurling) de seal yn treaun endaliks ‘slacht er oan’. Wat hat dy man in bulte noaten op ‘e sang. Neat doocht er en hy drigethieltiten om de direkteur yn te ljochtsjen oer de misstannen. Harm Jan kin him wer tige útlibje yndizze rol.

Yntusken wurde de bêden ferskoot, want eltsenien wol by it raam lizze. Kuperus, ‘de Fjirde’sa’t er him sels neamt, makket him hjir drok oer en hy kriget it foar elkoar. Hy kin syn hannen netthús hâlde. De ferpleechsters fine him dan ek ‘sa gleon as in sek sipels’. Troch alle argewaasje krigetde ferkearde pasjint in spuit. Dan komt dokter Bouwer (Michel Klaver) binnen, in frjemde ferskining. As haadsuster Riny binnenkomt ferdwynt er daliks wer. Michel makket der wer in geweldiche rol fan en sels syn Frysk is betterwurden, dat is knap foar in rasechte ‘Liwadder’. Dokter Bouwer makket der in potsje fan en oppertdat Cohen “groanyske hypogondry” hat en dat der yn it sikehûs al tsien minsken oan stoarn binnen.

Cohen rekket yn panyk en moat fan dokter Bouwer yn in papieren pûde blaze, dan wurdt der werkalm. Geandewei wurdt dúdlik dat dokter Bouwer net in echte dokter is. Kuperus en haadsuster Rinysette in plan op om him te ûntmaskerjen. Se soargje der foar dat der op seal 13 in needsituaasje is. Dokter Bouwer komt er oan draven mei syn ‘need kofferke’ en wurdt fan it iene nei it oare bêdsleept. Dan slacht er finaal troch en seit dat der gjin dokter is. Dan seit Kuperus dat hy de nijedirekteur fan it sikehûs wurdt en dat hy op dizze manier it personiel teste woe.

In skitterjend stik spile yn in prachtich dekôr. Lûd en ljocht wienen ek treflik, lykas de ‘grime’ en de omballingen. Ynstekster Giny, mei help fan Alinda, hie net folle te dwaan, want de spilers wienen tige tekstfêst Inregisseur as Sybren Sigtema is dit wol ta fertroud natuerlik.

Sybren yn it sintsje
Dit wie it lêste stik fan Sybren as regisseur foar Westermar, sûnt 2001 wie hy derby as regisseur. Se sille him dan ek tige misse. Hywaard yn it sintsje setten troch de foarsitter, en koe der net ûnderút dizze kear. Sybren tige tank foaral dyn wurk foar it Westermar toaniel. We sjogge de nije spylsters ‘takommend’ jier graach werom. Alinda komt natuergetrou oer, Loes is tige tekstfêst en Ankie is tige geskikt foar ferskate types.