Algemeen

Frysk is fan grut belang yn de soarch, fernimt Jesse Kroon: “It hat echt mearwearde”

Door: Douwe Bijlsma
Frysk is fan grut belang yn de soarch, fernimt Jesse Kroon.
Frysk is fan grut belang yn de soarch, fernimt Jesse Kroon. Omrop Fryslân

SINT NYK - It brûken fan de Fryske taal hat écht in tafoege wearde yn de soarch, fynt Jesse Kroon (29) fan Sint Nyk. Hy wurket sels yn de thússoarch. “It soarget foar fertrouwen ast yn dyn memmetaal prate kinst.”Kroon wurket sûnt ferline jier by soarchgroep Hof en Hiem. “Ik kom echt by de minsken yn ‘e hûs. Ik gean de wyk yn en haw in rûte mei adressen.”

Hy is opgroeid yn Skarsterbrêge en wennet no in doarp fierder. Kroon hat al in oplieding ta ‘Verzorgende IG’ ôfrûne, mar is no dwaande yn it twadde jier fan mbû ferpleechkunde by Firda yn Drachten.

Dêrnjonken is er dus oan it wurk as fersoargjende yn de thússoarch. “Al giet it net allinne om it jaan fan soarch. It binne minsken dy’t in soad allinnich binne: foar harren is it moai dat wy efkes binnen komme en sy it gefoel krije dat sy der wêze meie.”

Hiel persoanlik
Kroon wurket benammen yn Sint Nyk sels. “Ek om’t wy yntinsive thússoarch oanbiede. Dêrfoar komme wy wolris sân, acht kear deis by in kliïnt del”, fertelt hy. “It is hiel persoanlik: dat makket it wurk hiel leuk. Dat jout ek djipgong.”
Faak stapt hy op ‘e fyts, al stiet der ek altyd in auto klear. Watfoar wurk der krekt dien wurde moat, ferskilt de kliïnt.
“De iene persoan help ik allinne by it oanklaaien, mar der binne ek minsken mei bygelyks in sondepomp. It kin ek wêze dat der ien op ‘e grûn leit of hielendal oerstjoer is. Dan moatte je dy persoan ek gerêststelle en in feilich gefoel jaan.”

Memmetaal
Yn sokke gefallen is it Frysk tige brûkber, want fierwei de measte âlderein praat Frysk. “Hielendal as ien bygelyks demintsy hat en yn it Frysk grutbrocht is. Dan is it folle moaier as je yn de memmetaal mei-inoar prate kinne.”Foar in soad âldere minsken is it Frysk de taal dêr’t se op weromfalle. “Mar ik fyn it sels ek noflik”, jout Kroon ta.

“Want ik bin der ek mei grutbrocht en it stiet dochs it tichtste by my. It is moai dat as je op leeftiid binne en it begryp wat kwytreitsje, de feilichheid noch fine kinne troch de eigen taal te brûken. Dat is hiel weardefol.”

Lês it hiele ferhaal op: www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16114069/frysk-is-fan-grut-belang-yn-de-soarch-fernimt-jesse-kroon-it-hat-echt-mearwearde

Frysk is fan grut belang yn de soarch, fernimt Jesse Kroon.