Premjêre ‘Ferliezers’: gouden teaterspjelde foar Tinie van Lingen

Door: Douwe Bijlsma Cultuur en uitgaan
De gouden teaterspjelde foar Tinie van Lingen.
De gouden teaterspjelde foar Tinie van Lingen. Thewes Hoekstra

SINT NYK - Ofrûne freedtejûn wie de premjêre fan ‘Ferliezers’ brocht troch Toanielselskip Sint Nyk. Nei in komyske jûn mei ‘winners en ferliezers’ kinne spilers en meiwurkers weromsjen op in prachtige earste foarstelling.

Nei de premjêre wie Tinie van Lingen oangenaam ferrast. Se krige de gouden teaterspjelde fan foarsitter Hielkje de Wolff op spjelde foar mear as 40 jier ynset foar it Fryske toaniel.

Tinie har famylje waard op ‘e tiid op ‘e hichte brocht en wie yn ‘e seal oanwêzich. ToanielSelskip Sint Nyk is grutsk op spilers sa as Tinie en hopet dat Tinie der net gau oan tinke sil om op te hâlden.

KaartferkeapOp freedtejûn 9 febrewaris is der in ekstra foarstelling tafoege. De foarstellingen fan 2, 3 en 10 febrewaris binne sa goed as útferkocht. Kaarten binne te keap by drogisterij ‘De Magneet’ of via toanielstnyk.nl

Afbeelding