Cultuur en uitgaan

Nijjiersrevu bringt Jousters foar de 36e kear Op ‘e Hichte

Door: Douwe Bijlsma
Afbeelding
Nico de Lange

DE JOUWER - “(Op ‘e) Hichte” is it tema dat de ploech mei elkoar fûn hat en wêr’t de skriuwers it hiele ôfrûne jier meioan ‘e slach west hawwe. Ek hjirmei kinne je hiel wat kanten út. In harsenskrabberssesje levere itskriuwersploegje hiel wat ynspiraasje op: somtiden miskien wat foar de hân lizzende ûnderwerpen,mar seker ek hiele ferrassende ideeën kamen oer de skriuwerstafel.

“Op ‘e hichte”, dat moat de Jousters nijs biede en dat kinne jimme sjen by ien fan de foarstellingen dy’t noch binne hjoed 6, 12 en 13 jannewaris yn ‘t Haske op ‘e Jouwer. Mar de Jouster revuploech siket it ek letterlik heger op. Yn de seal fan ‘t Haske sil in pronkje fan indekôr komme te stean. Dêryn wurdt op hichte spile en songen. De revuploech mei yn harren hannenknipe mei sa’n ploech kreative dekôrbouwers. Ek dit jier wiene de winsken fan regisseur Anneke vanden Akker útdaagjend te neammen. De mannen hawwe der aardich oar gear moatten, mar se hawwede winsken fan Anneke fertaalt ta in prachtig echt Jouster toaniel. Allinich foar Jousters? Wis net, ekminsken fan bûten de Jouwer sille harren thús fiele by de Nijjiersrevu.

Alles út de kast
De spilers en muzikanten binne sûnt septimber ûnder lieding fan regisseur Anneke van den Akker oanit rippetearjen foar de 36e Nijjiersrevu. Sangcoach Marcin Rachula is ynroppen om alles út ‘e kast teheljen wat mearstimmig sjongen en sa oanbelanget.De revu-band die’t alle lieten live begeliedt is útwreide mei in nije toetsenist: Chris Boersma fan Jutryp.Mei elkoar stiet der in goed stikje muzyk jimme op te wachtsjen yn ‘t Haske.

Protte nocht en wille yn
Ferline jier is der ôfskie nommen fan in pear ras-revuspilers. Gelokkich binne dizze grutte gatten weropfolle. Remko Zijlstra, Jouster om útens, Wiep Ringnalda-Wiersma, opfolgster fan har mem Doetie,en Roelineke Meester, foarhinne schminkster, fersterkje it revu-team. Sy hawwe der stik foar stik inprotte nocht en wille yn en dat is te sjen en te hearren!Wat kinne jimme kwa ynhâld ferwachtsje? In soad, dêr kinne we koart oer wêze. Ah, jo wolle dochswat mear op ‘e hichte brocht wurde? No, dêr gean wy:As jo oan de Jouwer en oan hichte tinke, dan komme jo fansels fuortendaliks op de Ballonfeesten. Ditgeweldich moaie evenemint mei dan ek net ûntbrekke yn dizze revu.Jo hawwe fan die minsken op ‘e Jouwer dy’t (tinke dat se) oeral fan op ‘e hichte binne. Ek sy doggemei. Fansels is neat wat it liket en wurde jo as publyk wol ris om ‘e tún laat.Wat is it heech(s)te punt op ‘e Jouwer? Der is ek nijs wêr’t wy jo fan op ‘e hichte bringe. En... der is ekeefkes wat oars.

Koart sein: foar elk stiet der wol wat op it aljemint en dêrmei bringt de Jouster ploech jo yn hegeresfearen.De kommende tiid hearre of sjogge jo fêst noch fan harren. Folgje jo de sosjale mediakanalen fanRevu de Jouwer al om op ‘e hichte te bliuwen?

Hiel graach oant sjen op sneon 6 (20:00 oere), freed 12 (20:00 oere) as sneon13 jannewaris 2024 (14:30 en 20:00 oere) yn Party- en Zalencentrum ‘t Haske. Kaarten kostje € 15,00(jûns) of € 12,50 (sneontemiddeis) en binne te keap op www.revudejouwer.nl en byTabakspeciaalzaak J.R. van Delden, Midstrjitte 63 op ‘e Jouwer. By alle foarstellingen is der in lotterijmei moaie prizen en nei ôfrin fan de jûnsfoarstellingen is der live-muzyk.

Bliuw Op ‘e Hichte en kom by de 36e Nijjiersrevu op ‘e Jouwer! Wisten jo trouwens dat de JousterNijjiersrevu noch de iennige revu yn Fryslân is? In hichtepunt wêr’t jo fansels by wêze moatte!