Cultuur en uitgaan

Nominearje in oar as dysels foar Fryske Taal- en Kultuerpriis

Door: Douwe Bijlsma

Ek dit jier set gemeente De Fryske Marren wer in Frysktalich kultureel inisjatyf of persoan yn ús gemeente yn it sintsje. Dit dogge wy troch de Fryske Taal- en Kultuerpriis. Elkenien kin der nominaasjes foar yntsjinje. De priis bestiet út in bedrach fan €750 en is foarich jier wûn troch Janneke Warringa.

Janneke Warringa wûn dit jier de Fryske Taal- en Kultuerpriis
Janneke Warringa wûn dit jier de Fryske Taal- en Kultuerpriis Foto Nienke de Groot

Wêrom dizze priis?
Yn De Fryske Marren libbet de Fryske taal en kultuer – yn ús wurden, muzyk, ferhalen en mienskip. Mei de Fryske Taal- en Kultuerpriis wol de gemeente minsken dy’t dêr wat moais mei dogge, yn it ljocht sette en oanmoedigje.

Doch mei!
Kenst do in persoan, feriening of organisaasje dy’t it ôfrûne jier wat bysûnders dien hat foar de Fryske taal of kultuer yn De Fryske Marren? Of tinkst: dat ha wy eins sels ek wol fertsjinne? Nominearje dan foar 15 jannewaris 2026 fia it digitale nominaasjeformulier.

“Fertel derby wêrom’t dizze persoan of groep neffens dy de priis mear as fertsjinnet en wa wit, stiet dyn nominaasje takom jier wol op it poadium”, sa lit DFM witte.