Fjouwer nominaasjes Fryske Taal- en Kultuerpriis fan De Fryske Marren op 21 febrewaris

Door: Douwe Bijlsma Cultuur en uitgaan
Gaast Nijs fan Radio Spannenburg wie foarich jier de winner.
Gaast Nijs fan Radio Spannenburg wie foarich jier de winner. Foto Gewoan Dwaan / Douwe Bijlsma

DFM - De úrikking fan de Fryske Taal- en Kultuerpriis fan De Fryske Marren 2023 is dit jier op woansdei 21 febrewaris. Dermei set de gemeente ek dit jier wer in Frysktalich kultureel inisjatyf of persoan yn De Fryske Marren yn it sintsje. Fjouwer nominearden meistje kâns.

De priis wurdt útrikt op ‘de dei fan de memmetaal’. De Fryske Taal- en Kultuerpriis bestiet út in bedrach fan €750. De winner kin in persoan, organisaasje as groep wêze dy’t him it ôfrûne jier ynset hat foar de Fryske taal yn De Fryske Marren. Ferline jier wûn it radioprogramma Gaastnijs fan Radio Spannenburg. Foar dizze edysje binne der fjouwer nominaasjes.

Wêrom de priis?
Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Taal- en Kultuerpriis is dêr in middel ta. Oan de hân fan de nominaasjes dy ynstjoerd binne kiest de sjuery in winner. De sjuery bestiet út Douwkje Douma, Meindert Tjerkstra en wethâlder Chris van Hes.