Janneke Warringa wint Fryske taal- en kultuerpriis De Fryske Marren

LEMMER - De Fryske taal- en kultuerpriis 2024 fan De Fryske Marren giet dit jier nei Janneke Warringa. De sjongeres ú Lemmer ferbliuwt op dit stuit yn it bûtenlân en waard telefoanysk ferrast troch de sjuery.
Op in letter stuit sil Janneke de sjek fan 750 euro oerlange krije. Yn totaal binne der 65 nominaasjes ynstjoerd. Ferline jier wûn toanielferiening Fryske Krite De Jouwer de priis.
Sjueryrapport
Wethâlder Chris van Hes en Meindert Tjerkstra foarmen dit jier de sjuery: “Janneke Warringa is in echte ambassadrise fan de Fryske taal en kultuer yn De Fryske Marren. Se sjongt en praat Frysk, bygelyks yn har teaterprogramma Ubuntu, mar ek yn oare kontakten. Se wit in soad minsken yn kontakt te bringen mei ús moaie taal. Se ferbynt en rekket minsken op ferskate wizen troch it brûken fan it Frysk. Dêrom fertsjinnet se de Fryske taal- en kultuerpriis 2024 fan De Fryske Marren.”
Gemeente De Fryske Marren wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Fryske taal- en kultuerpriis op de dei fan de memmetaal is dêr in middel ta.












