Janneke Warringa nimt Fryske taal- en kultuerpriis yn ûntfangst

DE LEMMER – Yn febrewaris makke de sjuery bekend dat Janneke Warringa de winner is fan de Fryske taal- en kultuerpriis 2024 fan De Fryske Marren. De Lemster koe de priis doe net yn ûntfangst nimme, om’t se yn it bûtenlân wie. Dat barde tongersdeitemoarn dochs noch by Beachclub Lemmer.
Yn Beachclub Lemmer oerlange wethâlder Chris van Hes hjoed út namme fan de sjuery in sjek fan 750 euro oan sjongeres Janneke Warringa. De sjuery – besteande út Chris van Hes en Meindert Tjerkstra – oer de winneres:
“Janneke Warringa is in echte ambassadrise fan de Fryske taal en kultuer yn De Fryske Marren. Se sjongt en praat Frysk, bygelyks by har teaterprogramma Ubuntu, mar ek yn oare kontakten. Se wit in soad minsken yn kontakt te bringen mei ús moaie taal. Se ferbynt en rekket minsken op ferskate wizen troch it brûken fan it Frysk. Dêrom fertsjinnet se de Fryske taal- en kultuerpriis 2024 fan De Fryske Marren.”












