Cultuur en uitgaan

Opjefte foar Fryske Taal- en Kultuerpriis fan De Fryske Marren 2024 is iepen

Door: Douwe Bijlsma
De Fryske Krite krige oer 2023 de priis.
De Fryske Krite krige oer 2023 de priis. Foto De Fryske Marren

DE FRYSKE MARREN - Dit jier set gemeente De Fryske Marren wer in Frysktalich kultureel inisjatyf of persoan yn de gemeente yn it sintsje. “Dit dogge wy troch de Fryske Taal- en Kultuerpriis. Eltsenien kin der nominaasjes foar yntsjinje.”

De priis wurdt útrikt op ‘de dei fan de memmetaal’, op freed 21 febrewaris 2025. De priis bestiet út in bedrach fan €750. De lêste kear wûn tonielferiening Fryske Krite De Jouwer.

Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt. De gemeente wol mei dizze priis it brûken fan it Frysk stimulearje. De Taal- en Kultuerpriis is dêr in middel ta. Oan de hân fan alle nominaasjes kiest de sjuery in winner. De sjuery bestiet ûnder oare út Meindert Tjerkstra en wethâlder Chris van Hes.

Nominearje
Kinne jo in persoan, organisaasje of groep dy ’t him it ôfrûne jier ynset hat foar de Fryske taal of kultuer yn De Fryske Marren? En fine jo dat dy de Fryske Taal- en Kultuerpriis 2024 fertsjinnet? Of wolle jo sels de Fryske Taal- en Kultuerpriis yn ‘e wacht slepe? Opjefte is oant 1 febrewaris mooglik via dizze link www.defryskemarren.nl/fryske-taal-en-kultuerpriis-2024