Trije basisskoallen út De Fryske Marren yn finale SjONG junior

SKARSTERBRÊGE - De finalisten fan SjONG junior 2024 binne bekend. In soad skoallen rûnom yn Fryslân folgen de ôfrûne wiken de online muzykles en hawwe harren audysje ynstjoerd. Fan dy skoallen krije no acht de kâns om yn it programma SjONG junior in eigen hit te skriuwen. Mei dat ferske nimme se it ynde finale tsjininoar op.
Trije fan de skoallen komme út De Fryske Marren. Dat binne De Brêge yn Skarsterbrêge, IKC Sint Jozef fan de Lemmer en It Haskerfjild op’e Jouwer.
De acht skoallen dy’t har no pleatst hawwe meie ûnder lieding fan Raynaud Ritsma en oareprofesjonele muzikanten in eigen liet meitsje. Dat proses wurdt registrearre troch Omrop Fryslân Tsjilen is te sjen yn de searje dy’t fan april ôf te folgjen is. De ûndersteande acht skoallen dûke dekommende perioade de studio yn om harren eigen hit te skriuwen.
De finale fynt plak op freed 21 juny yn De Lawei yn Drachten.












