
DE JOUWER - Skriuwer Ben Hogeterp hat mei ‘Orpah’ syn Fryske debútroman útbrocht. It is in spannende roman oer twa Ierske froulju, in ferdwining en in geheim.
De haadpersoan Maud Gallahgher is in jonge Ierske frou, in frou mei in geheim. Dêrom fielt se har twongen om har heitelân te ûntflechtsjen.
Fia famylje komt se yn Fryslân telâne. Se krijt in relaasje mei Bouwe de Vries. Wannear’t dy relaasje op in dramatyske wize oan de ein komt, wêrtroch’t Bouwe yn ’e finzenis bedarret, giet se werom nei har heitelân. Se hat in soad stipe fan har twillingsuster Maureen. Stadichoan wurdt dúdlik wat him yn it ferline ôfspile hat.
En dan is der noch de jongeman Collin, dy’t op paad giet om syn biologyske mem te sykjen. Ek hy bedarret yn Ierlân. Hat it finen fan syn mem te krijen mei it geheim fan Maud? En wa is eins Orpah? Uteinlik komt it ta in spektakulêre ûntknoping.
Wa is Ben Hogeterp
Ben Hogeterp waard as twadde soan fan in doarpssmid berne yn 1947. Nei syn technyske oplieding wie er goed 30 jier wurksum yn de yndustriële automatisearring.Yn 2001 stapte er, nei in HBU oplieding teology, oer nei in baan by de Protestantse Kerk Nederland. Fan skriuwen kaam - útsein syn earste boek De Opgang - fanwegen in drok bestean net folle.
Doe ‘t er yn 2010 mei pensjoen gie, wie der mear tiid beskikber foar frijwilligerswurk en kreative aktiviteiten. Yn 2023 kaam syn roman ‘Lotgenoten’ út as e-boek. De roman Orpah is syn Fryske debút. Ben Hogeterp nimt as ankerpunt foar syn ‘skriuwen’ graach in histoarysk barren.
‘Orpah’ komt fan útjouwerij Elixer út Ljouwert.












