Algemeen

Ynstjoerd | Goed nijs: Tuskenskoft Sânwinning Iselmar

Door: Douwe Bijlsma
Protest tegen de mogelijk zandwinning.
Protest tegen de mogelijk zandwinning. Archieffoto Gewoan Dwaan / Douwe Bijlsma

MIRNS - Sûnt it ministearje op ‘e nij dwaande is mei it plannen fan Sânwinning yn de Iselmar (fanôfein 2021) bin de twa haadpunten fan ‘Geen Zandindustrie’:- Sjoch no earst oft der ek bettere duorsume grûnstoffen en duorsume bouwizen binne. Dan kinne wij tink mei folle minder sân ta en is der minder miljeuskea.- En wêrom is de Iselmar as iennichste gebiet oanwiisd foar Sânwinning fan 2025-2050? It is yn striid mei wet- en regeljouwing.

Tuskenskoft fanwegen yntegrale ôfweaging
No krigen wij ta ús ferrassing it brief: “Pauzering programma zandwinning”. Hjiryn seit it ministearje:“Hierbij informeren wij u dat het Programma Zandwinning IJsselmeergebied....vanaf september wordt gepauzeerd. De beleidsvernieuwing zandwinning IJsselmeergebied wordt namelijk gebaseerd op de landelijke afweging bouwgrondstoffen.

Het ministerie van IenW werkt aan de ontwikkeling van een landelijk beeld van de winning van bouwgrondstoffen. Op basis van dat beeld wordt vervolgens een integrale afweging gemaakt tussen de keuzes rondom bouwgrondstoffenwinning die worden voorzien voor de belangrijkste wingebieden. Dit zijn het rivierengebied in de zuidoostelijke provincies, het IJsselmeergebied en de Noordzee. Het ontwikkelen van het landelijk beeld en de integrale afweging duurt zeker tot eind 2025.

De uitkomsten van deze integrale afweging zijn nodig voor de beleidsvernieuwing rondom zandwinning in het IJsselmeergebied. Mogelijkheden voor bouwgrondstoffenwinning in dit gebied moeten namelijk in samenhang worden bezien met mogelijkheden in andere gebieden en daarmee met de landelijke strategie.”

Wat de útkomst ek wêze mei, de Iselmar is net mear as iennichste Nederlânske sânwingebiet yn byld. It is hoe dan ek goed dat earst besjoen wurdt hokker plak it measte opsmyt oan brûkber sân en de minste skea bringt mei it each op oerlêst foar minsken, natoer, duorsumens en al sa mear.

At se no bij har ‘landelijke afweging bouwgrondstoffen’ ek meinimme hokker alternativen foar sân ynsetten wurde kinne, binne wij hielendal bliid. Der binne safolle jonge minsken dy’t bedriuwen begjinne basearre op bio-based grûnstoffen en oare nije boumaterialen en - mooglikheden. Stypje dat, yn stee fan altiten mei de grutte jonges yn see mei har âlde boumetoades. It gaadlikste sân wurdt no benammen brûkt foar beton, dat liedt ta te folle CO2- en stikstofútstiet.

Wêrom no wol earst yntegraal ûndersyk
De lanlike kommisje MER hat in advys útbrocht oer de ynhâld fan it te ûntwikkeljen MER (Milieueffektenrapport) foar de Sânwinning yn de Iselmar. It MER is de no kommende stap yn de planning. De kommisje komt mei in tal essinsjele punten dêr’t omtinken foar wêze moat. Tafallich (of net, ús aksjegroep wurdt in pear kear neamd yn it rapport) binne dat ek punten dy’t wij ynbrochten. Dus

- Meitsje in lanlike ôfwaging fan Sânwinlokaasjes.
- Besjoch de wet- en regeljouwing en bring de spanning dy’t der is mei it sânwinnen sa konkreet mooglik yn byld, foar de hiele Iselmar en foar de dielgebieten.
- Bring de draachkracht (natoerbehâld) fan de Iselmar yn byld.- Beskriuw de omjouwingseffekten (wetterkwaliteit, kultureel erfguod, lânskiplike wearden en histoarysk (ûnderwetter)lânskip.
- Essinsjeel is it meitsjen fan in kwantitative nulmjitting fan de besteande sitewaasje fan it milieu en it lânskip yn it Iselmargebiet.

Dit advys fan de kommisje MER sil foar it ministearje de trochslach jûn ha om dochs earstfierder ûndersyk te dwaan foardat de plannen smeid wurde: ’Bezint eer ge begint’.

Aksjegroep Murns, Aldemardum en HimmelumStichting Gaasterlân NatuerlânMear ynformaasje: https://www.geenzandindustrieijsselmeer.nl