Algemeen

Berne-opfang ‘Oudehaske’ behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen

ALDEHASKE - Berne-opfang ‘Oudehaske’ fan SKIK hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal
derby’ foar trije jier ferlinge. De lokaasje wurket sûnt 2013 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe dêr yn 2014 it sertifikaat foar behelle. Om de trije jier wurde lokaasjes op ‘e nij fisitearre om te sjen oft it twatalich belied goed trochsetten wurdt. Yn Aldehaske is dat sa en it sertifikaat is wer foar trije jier fertsjinne.

Afbeelding

Twatalichheid op berne-opfang ‘Oudehaske’
SKIK is in organisaasje dy’t ûnder oaren pjutte- en berne-opfang biedt yn De Fryske Marren. SKIK is aktyf dwaande mei twataligens, sy hawwe it as yntegraal ûnderdiel fan it VVE-belied opnommen. Op in grut tal fan har lokaasjes wurdt wurke mei in twatalich belied. By ‘Oudehaske’ sjocht dat der as folget út: Ryanne, Pietsje en Jannie biede it Frysk sa konsekwint mooglik oan elkenien oan. Mirella praat Nederlânsk. Dêrnjonken krije de beide talen omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it foarlêzen en it sjongen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Fisitaasjekommisje
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by ‘Oudehaske’ west te sjen. De kommisje sjocht ûnder oaren nei it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘Oan de oanklaaiïng is dúdlik te sjen dat de Fryske taal op dit deiferbliuw in funksje hat. B.g. mei posters fan Tomke op de gong. En foar âlden dy’t dat op priis stelle, wurde der Frysktalige ferslachjes oer de bern útwiksele. Jannie is betûft yn it Frysktalich skriuwen.

It taalbelied is hielendal ferweve yn harren dwaan en litten. En dat al in hiel skoft! Dit deiferbliuw is (ien fan) de earste sertifisearre lokaasje(s). Jannie en Mirella jouwe beide oan dat se eins net op in oare wize wurkje kinne soene.’

By it sertifisearringstrajekt krijt lokaasje Oudehaske begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.