Ynstjoerd: Ynwenners hâlde in stim yn ôffalbelied De Fryske Marren
DFM - Fan FNP De Fryske Marren ûntfongen wy ûnderstean ynstjoerd stik:

Yn De Fryske Marren wurdt fierstentefolle werbrûkbere grûnstof yn de grize konteners smiten. Tink oan grien ôffal, papier, glês, boumateriaal. Dat is net duorsum, it is sonde en it is djoer. It kolleezje hat dan ek it doel om dat drastysk oan te pakken. Yn it ‘Grondstof Beleidsplan’ dat de gemeenteried foarlein is yn de gearkomste fan 12 jannewaris, stelt B&W foar om dêrom fanôf 1 april 2022 de grize konteners minder faak te leegjen. Dat wurdt begelaat mei in noch op te setten kommunikaasje-kampanje sadat ynwenners it doel begripe en útfiere, te witten it ôffal better skiede.
Ek wurdt it ynwenners makliker makke om har ôffal kwyt te reitsjen. Bygelyks rommere tiden op de miljeuterreinen en mear fasiliteiten foar PMD (plestik flessen, metaal, drinkpakken). De gemeenteried is it iens mei de doelstelling, mar net mei de útfiering. Dat liedt ta in spannende jûn, mei in ferrassende útkomst. De grize kontener wurdt hiel 2022 yn alle gefallen noch ien kear yn de 2 wiken lege.
Iens mei it doel mar net mei de wei Koälysje en D’66 tsjinje in amendemint yn op de planning fan B&W. Se wolle de gong fan saken omkeare. Earst de bewustwurding, dan in evaluaasje, en dêrnei per 1 jannewaris 2023 de konteners minder faak leegje. De FNP giet in stap fierder. Fraksjelid Jochum Meester freget de ried om de evaluaasje ôf te wachtsjen foardat in beslút nommen wurdt oer it minder faak leegjen fan de grize kontener. “Praat mei ús ynwenner, hear earst wat de minsken sizze en beslút dêrnei oer de frekwinsje fan it leegjen. Dan hâlde de ynwenners in stim yn it ôffal-belied.” Dy fraach soarget foar in lange diskusje mei as beslút: it útstel fan de FNP wurdt oernommen!
De ried is fan slach
Ta fernuvering fan hast alle partijen komt Alderse Baas fan it CDA nammentlik nei in skorsing werom mei de ferklearring dat se it foarstel fan de FNP oernimme. Dus no noch gjin beslút oer de frekwinsje fan it leegjen fan de kontener, earst de evaluaasje ôfwachtsje. It CDA tsjinnet allinnich in nij amendemint yn mei dy strekking. De oare koälysjepartijen en D’66 binne hjir net bliid mei, om it op syn Frysk út te drukken. De oare partijen binne fernuvere en ha soks noait meimakke, neffens har sizzen.
Yn alle toanaarden wurdt frege, wat no krekt it argumint fan it CDA wie om op it lêste momint fan miening te feroarjen. NCPN en VVD spekulearje sels dat Alderse Baas al bûnsmaten siket foar nei de ferkiezingen. Alderse Baas jout oan dat se fan te foaren al oer dit punt twifelen, en op de gearkomste oertsjûge binne troch de FNP. It bliuwt oant it lêste momint spannend hoe’t de stimming útfalle sil, mar mei 17 fan de 28 stimmen wurdt it amendemint fan it CDA mei de wiziging fan de FNP oannommen.
Dus wurdt no begûn mei in kommunikaasje-kampanje en maatregels om ôffal makliker kwyt te reitsjen en wurdt de ynwenner fan ús gemeente hjirby belutsen. Pas oan it ein fan it jier, nei evaluaasje dêrfan, wurdt besletten oer de frekwinsje fan it opheljen fan ôffâl. Sadwaande sille de ynwenners duorjende 2022 en ek yn de evaluaasje meiprate kinne en ynfloed ha kinne op it grûnstofbelied.












