Ynstjoerd: Sinterklaas dielt kadootsjes út
DFM - It wie in frjemd gesicht doe’t Sinteklaas troch de Midstrjitte op ‘e Jouwer rûn. Hy hie in
griene bodywaarmer oan mei op ‘e rêch pontifikaal de letters CDA. En Pyt? Pyt rûn dêrneist,
mar hy hie in blauwe trui oan. Ek hy hie letters op ‘e rêch: VVD. De minsken seagen raar op.

Sa’n lytse twa jier lyn moasten se op ‘e strún nei nije partners yn de koälysje foar gemeenteDe Fryske Marren. Se hiene it each falle litten op Grien Links en de PvdA. Dy hoegden dêr net lang oer nei te tinken. Al hielendal net doe’t Sinteklaas ek noch sei: ‘’Jimme mei jimme ferlanglistke yn leverje. Ik sil sjen wat ik foar jimme dwaan.’’ Grien Links wie dêr gau út: in nije reinbôge flage.
Sint seach Pyt oan ,,Mmm, ik wit net oft ik it der mei iens bin, mar it komt goed.’’ Dêr moast in bedriuw komme om in moai stik te skriuwen, sadat eltsenien wat tefreden hâlden wurde koe. Kosten € 40.000, -, mar hawar. De PvdA kaam ek mei harren winsk: In nij rinpaad op ‘e Lemmer by it Woudagemaal. Kosten € 198.000,-. ‘’Moat kinne’’, sei Sint en hy bestelde sân en grint. ‘’De amtners, Sint. We moatte de amtners net ferjitte’’, sei Pyt. ,,Do hast gelyk Pyt. Ek ús amtners fertsjinje in kado.’’ De amtners moasten earst fergaderje, mar doe’t se dêr út wiene wisten se in moai kado: Nije tillefoans. Se hiene in nije tillefoansintrale kocht, mar even fergetten dat de âlde tillefoans hjir net goed op wurken. No’t Sinteklaas del kaam in pracht kâns op nije. Kosten €40.000,- per jier, elts jier wer. ‘’Moat
kinne’’, sei Sint, mar we dogge twa jier. Dêrnei moatte we mar ris sjen, miskien moatte se se
dêrnei mar wer ynleverje.’’
‘’Wat is der Pyt? Wat sjochst sunich.’’ ‘’De bankrekken Sint. Ik sjoch reade sifers en dat liket net goed.’’ Sint striek him ris troch it burd en kaam op in helder idee: ‘’Gjin punt Pyt. We litte de ynwenners fan de gemeente der foar opdraaie. We skroeve de OZB mei 5,3 % omheech en dan pakke we samar in.’’ Pyt glimke, dêr wie hy sels net op kaam. Tefreden bestelde hy nije tillefoans.
De beide mannen betochten dat der eins ek noch in gedicht by moast. ‘’Te drok’’, sei Pyt. ‘’Ik ha it net oan tiid.’’ ’’Gjin punt Pyt’’, sei Sinteklaas op ‘e nij. ‘’We hiere in bedriuw yn. Kostet in pear sinten, mar dan ha jo ek wat.’’ Sa sein, sa dien. Eltsenien tefreden, de ynwenners in skuor yn de broek en by de kadootsjes in moai gedicht. De lêste rigele wie foar de partijen yn de opposysje: ‘’Sint en Pyt willen geen gedoe. Oogjes dicht en snaveltjes toe.’’
Jan Volbeda,
Fraksjefoarsitter FNP yn De Fryske Marren.








