Gerda de Vries wer listlûker FNP De Fryske Marren
DFM - De FNP yn De Fryske Marren hat Gerda de Vries-Suierveld as listlûker keazen. Gerda De Vries is in mienskipsminske, ‘mei-inoar foar elkoar’ is har biedwurd. Dat makket se ûnder oare wier yn de gemeenteried, se hat in wrâld oan ûnderfining as fraksjefoarsitter en fraksjelid.

“De kommende perioade stiet de wentebou sintraal, it is te gek foar wurden, safolle minsken dy’t net mear in hûs fine kinne. Wenje, wêr’t wij wenje wolle, mei foarrang foar eigen bewenners. Dêr sette wij mei ús nije ploech op yn. Ik ha der alle fertrouwen yn dat wij it mei elkoar in ein skoppe sille”, seit de nije listlûker.
Jan Volbeda, dy’t fan alle kanten wurdearring kriget foar syn wurk as fraksjefoarsitter, woe sels graach in stapke werom sette. Hij stiet no as twadde op de list en wol syn romme ûnderfining as riedslid graach ynsette om nije fraksjeleden op wei te helpen. Jan is in grut foarstanner foar ‘fan ûnderen op’, de beslútfoarming sa ticht mooglik bij de minsken.
Nei Jan Volbeda komme in tal eardere riedsleden: Jeltsje Piersma, Jochum Meester en Remboud van Iddekinge. Jeltsje is faak ûnderweis, yn it spier foar bewenners fan De Fryske Marren. Se fynt it wichtich om de ferskillende kanten fan in saak dy’t spilet bij minsken sels te belústerjen en wat mei te dwaan.
Jochum hat it wenjen sintraal stean foar de kommende perioade. “In hûs keapje of hiere is hast net mear te dwaan, lit stean yn eigen doarp. Set yn op it bouwen fan nije wenten en jou ús eigen ynwenners in foarsprong”, seit Jochum. Fierder rjochtet hij him op de sport en de kontakten mei de jongerein. Remboud is de finansjele spesjalist fan de fraksje. Fansels belangebehertiger foar De Lemmer, en fierder ambisjeus as er is, bemuoit er him mei alles, it hiele gemeentewurk hat syn belangstelling.
Nij op plak 6 stiet Wouter Wouda, in man mei brede maatskiplike ynteresse en op dit stuit foarsitter fan de provinsjale FNP. As geograaf wol hij graach lokaal oan de gong mei romtlike oardering. ‘De romte is ús goud’, stiet yn it ferkiezingsprogramma, en dêr stiet Wouter 100% achter. Wiebe Hoekstra komt werom yn de Fryske Marren op plak 7. Hij hat no wer tiid, en popelt as polityk dier om ynhâldlik oan de gong, mei alles, mar net yn it minst mei kultuer en taal. Sander Mollema, Janke de Vries en Jelmer Quartel meitsje de earste tsien kompleet.
FNP De Fryske Marren hat op dit stuit in fraksje fan 7 persoanen.












