Mar leafst seis skriuwers skriuwe Frysk Kadoboek 2026
FRYSLAN - Net minder as seis skriuwers skriuwe it Frysk Kadoboek foar de Fryske Boekewike 2026. Gabrielle Terpstra, Marije de Lange, Martsje de Jong, Gerard de Jong, Henk van der Veer en Johan Veenstra skriuwe elk in ferhaal foar it Kadoboek dat ferskynt ûnder de titel ‘Libje fanút gelok’. In Kadoboek fol mei persoanlike, waarme, kwetsbere, humoristyske, aktuele en mytyske ferhalen.

Utjouwer Eddy van der Noord fan Utjouwerij Louise is entûsjast: “As útjouwer fyn ik dit in hiel bysûnder projekt. Ik fyn it wichtich dat der yn dit boek ek oandacht is foar streektalen as it Stellingwerfsk, it Snitsers en it Biltsk. Dit kadoboek is in stipe foar it yn libben hâlden fan dy streektalen en it Frysk. Ien fan de skriuwers hat syn ferhaal al klear en ik wol de oare skriuwers net ôfskrikke, mar de latte leit heech. En foar de lêzers is myn boadskip helder: dit Kadoboek meie jo net misse!”
Fryske Boekewike fan 31 oktober o/m 8 novimber 2026
It Kadoboek 2026 is de hiele Boekewike fergees te krijen by oankeap fan teminsten € 15- oan Fryske boeken. It Kadoboek fan dit jier wurdt útjûn yn gearwurking mei Utjouwerij Louise út Grou.
It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar lês- en ferkeapbefoardering en de promoasje fan it Fryske boek. Under oaren troch it organisearjen fan de Fryske Boekewike en de Sutelaksje. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en oare projekten fan Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslan.frl.












