Bandcontest yn Aldegea DFM bringt muzikale striid en folle seal
ALDEGEA (DFM) - Sneon wie it einlings safier: de earste edysje fan de Bandcontest yn Aldegea DFM. Fjouwer bands dienen mei oan de striid om as winnende band spylje te meien op it haadpoadium fan it Midzomerfeest yn Harich.
Om 19.00 oere kamen de bands binnen. Doe’t eltsenien kompleet wie, mochten se in lotsje lûke om te sjen yn hokker folchoarder se spylje mochten.

De sjuery bestie út fjouwer minsken: Melissa Pander, winneres fan Liet ’23, twa bestjoersleden fan it Midzomerfeest, Steven Bouma en Peter de Bruin, en muzikant en lûdsman Egbert Mulder.
Jeugdband iepenet de jûn
Om 20.00 oere gie it programma los. De jeugdband De Fryske Rackers mocht as earste in pear nûmers hearre litte. De bandleden binne tusken de 11 en 14 jier âld. De drummer drumde sels noch mar in pear wike. It klonk prachtich. In soad pake’s en beppes, heiten en memmen wiene sichtber tige grutsk.
Fjouwer bands yn de striid
Nei it optreden fan de jeugdband mocht de earste band, The Cube, foar publyk en sjuery spylje. Dêrnei kaam End of the Line út Toppenhuzen, dêrnei Tessastaron en as lêste De Foarbân. Elke band mocht likernôch 30 minuten spylje. Tuskentroch wie der muzyk fan DJ Willem Rinkema.
Sjuerypriis en publykspriis
By de yngong krige eltsenien in briefke om te stimmen op de eigen favorite band. Oan ’e ein fan de jûn moast de sjuery yn berie om de winner oan te wizen.
Dat wie gjin maklike opjefte, omdat de bands ticht byinoar leine. Der waard sels hast tocht oan twa winners, mar úteinlik kaam de sjuery der dochs mei-inoar út. De Foarbân wûn de bandcontest en mei op 6 juny 45 minuten spylje op it haadpoadium fan Midzomerfeest Harich.
Undertusken wiene ek de stimmen fan it publyk teld. De publykspriis gie nei End of the Line út Top en Twel. Der wie in grutte fanclub út de doarpen Toppenhuzen en Twellegea nei Aldegea kommen.
Prachtige jûn
It waard in prachtige jûn mei geweldige muzikale talinten en in soad entûsjasme, sawol op it poadium as yn de seal.
Tekst: Stichting Knekkebreut
















