In bedrijf

Pjutte-opfang ‘t Kidelstientsje yn Sleat behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen

SLEAT - Pjutte-opfang ‘t Kidelstientsje yn Sleat wurket al sûnt 2004 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn it ferline hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Elke trije jier wurdt op ‘e nij besjoen oft der noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. By ‘t Kidelstientsje wie dat wer sa en sy hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ op ‘e nij foar trije jier fertsjinne.

Eigen foto
Eigen foto

Pjutte-opfang ‘t Kidelstientsje is sûnt 2021 ûnderdiel fan de organisaasje SKIK Kinderopvang. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren berne- en pjutte-opfang yn De Fryske Marren. Op 17 pjuttelokaasjes en 4 bernedeiferbliuwen wurdt wurke mei in twatalich belied.

Twatalich`
Op lokaasjes dy’t wurkje mei in twatalich belied, prate pedagogysk meiwurkers elk ien taal. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en eventueel meardere talen leare. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen. Op it Kidelstientsje biedt pedagogysk meiwurkster Emmy it Nederlânsk oan, en pedagogysk meiwurkster Katharina it Frysk.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by ‘t Kidelstientsje west te sjen. Der wurdt sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkling. De kommisje skriuwt yn har rapport oer de wurkwize yn de praktyk: ‘Der wurdt wurke mei in Fryske en in Nederlânske moarn. Sadwaande wikselje de beide meiwurkers elkoar ôf by it rûntepetear. Dizze wyke wie it Katharina dy’t mei it tema oan ‘e slach gie. Tomke wie siik en gûlde. Hy hie in pleister op ‘e holle, hie pine holle, in seare búk en pine yn ‘e kiel. “Hoe moat Tomke no wer better wurde?” frege Katharina. “In prikje”, rôp ien fan de bern dy’t sels krekt ien krigen hie op it konsultaasjeburo. “Moat er ek op bêd?” “Ja”, rôpen de bern en der waard in bedsje ophelle. Tomke krige de piama oan. “Dokter moat komme”, fûnen de bern en Katharina. Emmy spile foar dokter en liet de bern ek harkje mei de stetoskoop en de bloeddrukmeter.’

By it sertifisearringstrajekt krijt ‘t Kidelstientsje begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.