Inwoners Sint Nicolaasga realiseren wandelpad
Het voetpad vanaf de Noed in Sint Nicolaasga - langs het Hongerskar - richting Finkeburen en de Kerklaan is een populaire wandelroute onder Sint Nyksters.

“Minsken rinne dit rûntsje graach mei de hûn en ek hurdrinners komme hjir lâns”, begint Egbert de Jong, oud-bestuurslid van Plaatselijk Belang Sint Nicolaasga. “It is frij fan autoferkear, útsein it stikje by de Finkebuorren lâns; dêr rint in drokke dyk. Yn ’t ferline moasten hja dêr de dyk oerstekke en in part oer de rydbaan rinne om it njonken lizzende kuierpaad te berikken. Dat wie perfoarst gjin feilige situaasje. Dêr moast feroaring yn komme.”
Samen aan de slag
Plaatselijk Belang Sint Nicolaasga wilde een nieuw pad langs de Finkeburen realiseren en doortrekken naar het voetpad verderop. Op deze manier hoefden wandelaars en hardlopers niet meer de weg op. Het initiatief kon rekenen op veel steun en dus legde Egbert het plan voor aan de gemeente. Die gaf groen licht. Baukje Feenstra - eveneens oud-bestuurslid van Plaatselijk Belang Sint Nicolaasga - trommelde alle bewoners en vrijwilligers uit Sint Nicolaasga en Idskenhuizen op. “We koene wol wat mankrêft brûke”, vertelt ze. “Foar de oanlis fan it paad moast in stripe gers fan mear as twahûndert meter útgroeven wurde. It graafwurk is útfierd troch in leanbedriuw, al it oare wurk hawwe wy sels dien.” Al met al zijn de vrijwilligers twee zaterdagen bezig geweest. De buurtvereniging zorgde voor koffie, een lokale ondernemer stelde zijn machines beschikbaar en vele handen maakten licht werk. In het voorjaar van 2017 was het nieuwe voetpad langs de Finkeburen klaar. “It treft my noch hieltiid, dat der safolle minsken oan meiwurke hawwe”, zegt Baukje tevreden.
Subsidie van gemeente en provincie
Hendrik Hoekstra, dorpencoördinator van De Fryske Marren, heeft het inwonersproject in Sint Nicolaasga van dichtbij meegemaakt. Hij loodste de initiatiefnemers door de bestaande procedures en hielp bij het verkrijgen van de financiële middelen. “Ynwenners kinne mei-inoar sa’n soad berikke”, stelt Hendrik. “It projekt yn Sint Nyk is folslein útfierd troch frijwilligers en betelle mei bydragen út it Kernenbudget en lokale fûnsen. Inisjativen fan ynwenners dy’t in positive bydrage leverje oan in leefbere omjouwing komme nammentlik yn ‘e beneaming foar finansjele stipe. En dat kin aardich oprinne, want njonken it Kernenbudget fan de gemeente, kin men ek oanspraak meitsje op it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje. Dêrneist binne der ek noch oare middels, bygelyks jild út de sponsoring. Yn ‘e mande mei de ynwenners besjogge wy wat foar kanalen wy ynsette kinne. Dat hoecht ek net sa yngewikkeld te wêzen.”
De moeite waard
Egbert: “De finansjele dekking fan ús projekt wie gau regele. Jo moasten allinne witte by wa jo oanklopje moasten. De saakkundigens hiene wy net yn hûs, mar de gemeente lokkich wol. Fan Hendrik krigen wy handige tips en de krekte kontakten om ús projekt fan de grûn te tillen.” Hendrik: “As gemeente fine wy it fan grut belang dat ynwenners stipe en romte krije om mei harren winsken oan it wurk te gean. Yn De Fryske Marren wurde der dan ek withoe folle inisjativen fan ynwenners stimulearre en stipe. Elkenien mei in goed idee kin by ús telâne. Wat betsjutte foar dyn doarp, wyk of strjitte jout in soad foldwaning en it is de muoite wurdich. It projekt yn Sint Nyk kaam net allinnich de feilichheid te’n goede, mar ek de ienriedigens.’










