Algemeen

Carolien Brinksma (21) uit Sint Nicolaasga’: “Doutzen Kroes is myn grutte foarbyld”

Als fotomodel te verstaan. Probleem op dit moment is dat haar rug niet echt mee wil werken. Twee herniaoperaties heeft Carolien inmiddels achter de rug. Gezondheid gaat voor alles, maar de ambities om een tweede Doutzen Kroes te worden zijn er nog altijd! De weg om fotomodel te worden is lang en eentje van vallen en opstaan, maar de inwoonster ut Sint Nyk heeft een vechtersmentaliteit.

Afbeelding
SINT NICOLAASGA - Carolien Brinksma 21 lentes jong, woont haar hele leven al in Sint Nicolaasga, maar wil eigenlijk de wereld wel veroveren.

Carolien is een jaar of 14, wanneer ze met school een dagje op excursie naar Groningen gaat. Daar in de stad van de Martinitoren begint het allemaal.

Scouting

“We wiene yn Grins mei in útstapke, doe’t der ien op mij ôfkaam: ‘Mag ik je iets vragen?’ Ik sei: ‘Ja, hoor maar ik kom hier niet vandaan!’ Ik tocht dat sij it paad witte woe. Mar dat wie it dus net. ‘Hallo, ik ben scout van een modellenbureau en ik zag jou, ik vind je een heel interessant meisje.’ De mûle foel mij hast iepen. ‘Ik?’ tocht ik. Ik model? Hâld op je! Mar se hat mij in kaartsje jûn en frege om myn gegevens mei it fersyk at ik kontakt mei it buro opnimme woe. Ik ha fuort ús mem opbelle en sei entûsiast dat ik skouten wie. ‘Scouten? Mar jim soene dochs net nei de scouting?’ Dat wie har reaksje, se tocht dat it oer de padfinderij gie. Mem hie gjin flau benul wêr’t ik it oer hie!”

Carolien, dochter van Cor en Christina Brinksma, groeit op in een hecht en knus gezin met nog een oudere zus, Bernadette. Het aankomend fotomodel woont nog bij haar ouders thuis en gezien haar rugklachten ervaart Carolien dat als ‘hiel fijn’. Carolien over haar jeugdjaren in Sint Nyk.

Bytsje ferlegen

“Ik haw in tiidsje op basisskoalle De Paadwizer sitten en bin letter nei De Beuk gien. Dêrnei gie ik nei OSG Sevenwolden op’e Jouwer dêr’t ik myn vmbo diploma helle ha. Op’e Friese Poort yn Snits haw ik de oplieding onderwiis assistent folge en ek ôfronden. Ik ha dy oplieding fersneld dien omdat it modellewurk doe noch folop spile. Ik koe doe miskyn noch nei it bûtenlân en ik woe foar dy tiid myn diploma helje en myn âlders fûnen it ek wol belangryk dat ik in diploma achter de hân hawwe soe, mocht it modellewurk dochs niks wurde.”

“Ik wie altyd in rêstich famke, in bytsje ferlegen en it leafst op’e achtergrûn. Ik hie ek niks mei moade en datsoarte fan dingen. It leafst rûn ik de hiele dei yn myn treningsbroek en op foto’s fan froeger sjochst mij ek altyd mei in gek hoofddoekje op. At dat doekje ôf moast dan wie it stampei. Ik hie genôch freondintsjes en alle sporten fûn ik interessant, fan dûnsjen oant tennis. Turnen ha ik wol hiel lang troch dien.”

Earste kear yn Amsterdam

Nadat Carolien in Groningen voor het eerst in contact komt met het modellenwerk, begint het balletje te rollen. Moeder Christina is niet bepaald het type dat haar dochter op alle catwalks van de wereld ziet lopen. Nee, down to earth. Er wordt contact gezocht met het modellenbureau dat Carolien had gescout. Het blijkt toch wel serieus en Carolien wordt met haar moeder en zus uitgenodigd om naar het modellenbureau in Amsterdam te komen.

“It wie neffens mij myn earste kear dat ik yn Amsterdam kaam. Doe’t we it buro dan lang om let fûn hiene, wie it earste kontakt mei mefrou Wakker hiel aardich. Omdat ek sij potinsje yn mij seach waard der in fotoshoot dien. Ik wist amper wat mij te wachtsjen stie. De júste lengte hie ik noch net en we prate ôf dat it buro mij yn’e gaten hâlde sil. Dêr bliuwt it dan ek bij, ek at ik letter de lengte wol ha. Us paden skiede, foardat we eins op paad gien binne. Myn folgjende ervaring as model wurdt in dielname oan de Elite Model Castingdagen yn Groningen. Dêr mocht ik op de catwalk rinne foar in sjuery en ik gong troch nei de folgjende ronden, mar it waard him net. Ik wie der doe ek wol klear mei.”

Munttee mei niks der bij

Toch blijft een carrière als model Carolien niet los te laten. En als weer een paar jaar later de Sint Nykster, is dan 16 jaar, in contact komt met Touché Models in Amsterdam, wordt het serieuzer. De mensen van dat bureau blijken ook weer enthousiast en Carolien wordt ingeschreven als een van de modellen.

“At ik as 17 jierrige myn froulike foarmen krij docht bliken dat ik toch wat te breed bin mei myn 96 cm wêr’t 90 cm rûn de heupen frege wurdt. Dan komt it bekende ferhaal dat ik ôffalle moast en ik krige in sportcoach fanút it buro dy’t mij begeliede. Myn freondinnen sieten lekker oan de nacho’s at we ergens wat dronken en ik siet oan de munttee mei niks der bij. Ik wie mysels gewoan net. Ik krige in bepaald dieet en wie drok mei myn foeding oan’e gong, mar alles wat ik die, ik foel niks ôf. Dat wie foar mij hiel frustrearjend, want ik koe net wurkje, wylst ik it modellewurk wol heel leuk fûn. Ik hie al wat lytse modelleklussen dien, ûnder oaren foar in kappersblêd. Omdat ik de maten foar it High Fashion byld net ha, in taillemaat fan 62 cm, heupen 90 cm, boarstomfang 80/85, nim ik op dat stuit it beslút om te kappen mei it modellewurk.” Na deze derde afwijzing lijkt het over en uit voor Carolien, die na het afronden van haar studie aan de Friese Poort in een kledingzaak, Open 32 in Heerenveen, aan het werk gaat. Totdat…

Shows foar Reinders Mode

“Ja, oan’t Reinders Mode van Julie & Marie oankloppet. Sij wolle dat ik modeshows foar har rinnen gean en dan begjint it op’e nij te prikkeljen. Ik bin dan 18 en rin in stik as seis, sân shows foar Reinders, superleuk! Der wurde ferskillende fotoshoots fan mij nommen en dat is goed foar myn portfolio en om ervaring op te dwaan. Op it moment dat ik dan tink om noch ienkear fol foar it modellewurk te gean, docht bliken dat ik in hernia ha en ik wurd mei spoed opereard. Myn hiele modelleweareld komt dan op hold te stean en bin ik allinne mar dwaande mei myn herstel. It jier 2018 moat dan myn simmer wurde, mar op’e nij moat ik ûnder it mes omdat ik de rêchklachten werom komme.”

Nu, een jaar later, na de tweede herniaoperatie, zit Carolien nog thuis bij haar ouders. Wie denkt dat Carolien haar modellendroom heeft opgegeven na zoveel ellende, weet nog niet wat voor vechtersmentaliteit de inwoonster uit Sint Nyk heeft.

Gelokkich bin ik nuchter

“It prikkelt mij noch altyd om foar de kamera te stean en ik wol dan ek trochgean. Dat modellenburo’s nee sizze, wol noch net sizze datsto net goed bist. At ik myn fotoshoots dwaan mei, dan bin ik gelokkich. Linzjery modellewurk fyn ik hiel moai en dy kant soe ik ek wol út wolle, mar om my sels hieldendal bleat te jaan? Nee! De drompel yn in doarp is fansels ek heger as wannear’t ik yn Amsterdam wenje soe. En gesondheid is alles! Doutzen Kroes is myn grutte foarbyld en net yn it lêste plak omdat se har sels bleaun is! Doe’t ik bij Touché Models wie, seinen se dat ik de nije Doutzen wurde soe. Gelokkich bin ik nuchter en nochris, we wachtsje earst mar ôf hoe’t it komt!”

Door Henk van der Veer Foto’s: ©Johan Brouwer

Afbeelding