Harry de Wolff: een leven vol energie, sport en betrokkenheid: “Earlik wêze, nuchter bliuwe en minsken foarop sette”
Wie Harry de Wolff ontmoet, merkt het meteen: dit is iemand die midden in het leven staat. Hij praat vlot, zit vol verhalen en straalt een onverwoestbare energie uit. “Ik kin net stil sitte”, zegt hij lachend. “Ik moat altyd wat dwaan, altyd ûnder de minsken wêze. Dêr ha ik myn hiele libben myn krêft út helle.”

Hij werd op 14 november 1951 geboren (‘Bij de susters op’e Jouwer’) als zoon van boer Sake de Wolff en Aleida Helena Meijners. “Ik bin de jongste fan in húshâlding mei tsien bern. Ik hie fjouwer âldere broers en fiif sussen. Dat hâldt yn datst wol wat ferwend wurdst en it wie ek altyd drok yn ’e hûs. It wie in húshâlding dêr’t keihurd wurke waard, we hiene it lân oer it wetter yn’e Bloksleatpolder. Wy moasten meidwaan, mar dêr waarden je sterk fan en de sfear wie hartstikke gesellich en waarm. Ik ha in moaie jeugd hân, mei as jongste in hiel soad heiten en memmen boppe my.”
Zijn jeugd yn Broek was er een vol saamhorigheid en sportiviteit. “Wy organisearren winterdeis sels riderij achterhûs en lieten elkenien in dubbeltsje betelje. Dan koe elkenien in lyts pryske winne. Dat organisearjen, dat siet der doe al yn. Mem hie snobbersguod kocht en elkenien koe sa in pryske winne en it dûbeltsje krigen se ek noch werom. Prachtich!”
![]()
Van boer naar kantoor
Zijn ouders hoopten dat hij boer zou worden en Harry ging na de lagere RK school in Joure naar de Lagere Landbouwschool in Sint Nicolaasga, net als zijn broers trouwens. Vervolgens ging hij naar de Middelbare Landbouwschool in Sneek. Tot die tijd was Harry ‘op en top boer’, maar daarna ontdekte hij toch dat dit niet zijn weg was. “Ik hie mear belangstelling foar brommers en minsken as foar kij.” Heit zat midden in de ruilverkaveling en de beslissing werd genomen om de boerderij van de hand te doen. Uiteindelijk kwam Harry terecht bij het boekhoudkantoor ABTB, dat later zou uitgroeien tot Gibo. “Ik begûn dêr as jonge fan in jier as achttjin, jongste bediende. It wie der deastil. Ik fielde mij de earste tiid beroerd, miste de frijheid en ik hie noch noait in net pak droegen. It wie 13 july 1970, de deis dat bij ús thús de ruilverkaveling begûn. De sleat waard tichtspuite mei sân. Dêrom ferjit ik dy datum noait wer.”
Zijn loopbaan nam een vlucht toen men zijn talent voor organiseren en leidinggeven opmerkte. “Ik waard direkt stimulearre om mear te dwaan. Yn 1983 krige ik ferantwurdlikens oer in nij kantoar yn Drachten, dat mocht ik op poaten sette. Yn 1986 waard ik direkteur fan it nije kantoar op’e Jouwer. Der wiene seis meiwurkers en ik waard yn 1986 direkteur. Dat hie ik nea tocht, mar sa rint it soms.”
Directeur bij Gibo: eerlijkheid voorop
Als directeur van Gibo hield hij vast aan eenvoudige waarden. “Foar my wie it altyd helder: earlik wêze, nuchter bliuwe en minsken foarop sette. Ik hie in hekel oan opsmûk en oan minsken dy’t mei maskers omrinne. Ik sei altyd wat ik tocht, ek tsjin de top fan de organisaasje. En dat hat my nea skea dien, want minsken wisten dat se my fertrouwe koene.”
Hij noemt met trots hoe Gibo zich ontwikkelde. “It gie fan in agrarysk boekhâldkantoar nei in brede advysorganisaasje mei kantoaren troch it hiele lân. Wy gongen fan in pear minsken yn Joure nei in team fan mear as fjirtich. Dat wie in grutte stap, mar wy holden altyd de sfear fan’e mienskip. Dat wie foar my it wichtichste.”
Trouwe steunpilaar Ans
Op 28 november 1977 trouwde Harry met Ans Huis in ’t Veld, met wie hij sindsdien lief en leed deelt. “Ans is altyd myn rêchdekking west. Ik wie faak ûnderweis, mei wurk, mei sport, mei ferienings. Sy stie altyd foar de húshâlding klear. Dêr bin ik har ongelooflijk tankber foar. Sûnder har hie ik nea safolle dwaan kinnen.” Samen kregen ze twee zoons, Sjaak (1981) en Henk (1983). “Se hawwe allebeide harren eigen wei fûn, yn sport en yn wurk. Ik bin grutsk op harren.”
![]()
Sport als tweede natuur
Sport was voor Harry geen bijzaak, maar een manier van leven. “Ik ha altyd sport nedich hân. Fuotbal, marathonriden, motorsport, ik koe net sûnder.” Tot zijn 47ste was Harry actief als motorcrosser. En als voetballer hield hij het nog tot z’n 55ste vol. “Wy degradeerden noait, mar dat koe yn ús klasse ek net! We wûnen de tredde helte altyd. Alyd!” Nog altijd is Harry op de achtergrond wel actief met ’wat dinkjes’ bij SC Joure’.
Maar de grootste passie bleef de motorsport. Meer dan vijftig jaar is hij actief bij Flying Boetoe, de motorclub van Joure. “It begûn mei gewoane fytsen, gewoan mei jonges ûnderinoar achter yn it lân bij ús thús. We organisearren de TT fan Broek, dêr’t ik in sirkwy útsetten hie. We moasten dyn fytse. Ik hie fiif ferskillende fytsen, want we hiene likefolle klassen fan de 50 cc oant 500 cc! Letter waard it serieuze motorsport. Wy bouden ús eigen baan, alles yn eigen behear. Dêr bin ik grutsk op. It is net allinnich it riden, mar it tegearre dwaan, it bouwen fan in klup.”
Zijn ogen glinsteren als hij vertelt over de eerste wedstrijden. “Wy ride mei ús brommers oer de âlde tramdyk nei Snits. Wy hiene gjin jild, mar wol in soad wille. Doe’t wy yn 1967 yn Heerenveen meidienen oan in wedstriid ûnder de namme Racing Ream Joure, tochten wy: dit wolle wy ek yn Joure. En sa waard Flying Boetoe berne, ik bin mei Jetze Valkema en Jan ‘Bakje’ Agema de oprjochter fan’e klup. Fan 1973-1975 wie ik penningmeester en fan 1975 oant 2003 foarsitter. En dy namme? Dat is Maleis foar ‘De vliegende lul’. Keninginne Juliana hat ûnder dy namme har namme noch setten. Haha!” Naast sporten zelf vond hij het organiseren misschien nog mooier. “Ik ha altyd graach dingen betocht en op poaten set. By de motorclub, by it fuotbal, by it marathonriden. Ik haw jonge riders begelaat, ploegen sponsore en wedstriden op priemmen set. Ik hie altyd nocht om minsken byinoar te bringen.”
Een mooi voorbeeld is zijn rol als ploegleider in het marathonschaatsen. “Ik ha toppers ûnder myn hoede hân. Mar ik seach net allinnich nei de sporter, ek nei de minske. By jonge riders gong ik earst by de âlders del om te praten. Want sûnder stipe fan thús slagget it net.”
Harry is erelid van MCFB en ook Lid van Verdienste bij SC Joure. Afgelopen mei stopte De Wolff als hoofdbestuurslid van de Jouster voetbalvereniging. Om het lijstje nog even compleet te maken, de actieve De Wolff was ook nog eens zes jaar penningmeester van het gewest bij de KNSB en medeoprichter van de ‘Stichting TOPschaatsen Fryslân.
Man van de gemeenschap
Wat Harry typeert, is zijn grote betrokkenheid bij de Jouster gemeenschap. “Sport bringt minsken byinoar. Yn in klup ûntstiet freonskip en fertrouwen. Dêrom haw ik my altyd ynset. It libben wurdt moaier as je dingen mei-inoar dogge.”
Die houding leverde hem respect en waardering op. “Ik ha nea fijannen hân. Minsken witte dat ik earlik bin. Soms hurder as se ferwachtsje, mar altyd dúdlik en rjochtút.”
Levenslessen
In 2022 onderging Harry een zware hartoperatie. “Dat wie wol in skrik, ja. De dokter sei: do kinst noch tritich jier troch. Dat joech my moed. Fansels moat ik it no rêstiger oan dwaan, mar ik bliuw dwaande. Ik advisearje minsken noch, ik doch dingen foar de motorclub. Stil sitte kin ik net.”
Hij is zich bewust van de offers in zijn leven. “Ik hie mear tiid foar myn bern nimme moatten. Dat wit ik. Mar ik ha altyd myn bêst dien, en ik ha in frou dy’t alles foar ús húshâlding opfong. Dêrom sjoch ik net mei spyt werom, mar mei tankberens.”
Zijn belangrijkste les? “Earlik bliuwe, dysels bliuwe, en altyd tusken de minsken stean. Dat is wat ik myn bern en de jonge generaasje meijaan wol. Net foar dyn eigen glâns gean, mar foar it mienskiplike.”
Als hem gevraagd wordt zijn leven in één zin samen te vatten, glimlacht hij. “Alles wat ik dien ha, by Gibo, yn de sport, dat ha ik dien mei earlikens, mei enerzjy en mei leafde foar de minsken om my hinne. Dat is wa’t ik bin, hurd wurkje en net seure. En sa wol ik ek ûnthâlden wurde.”









