Hoe sjocht de Fryske top 100 derút? Bbq mei de buorfrou makket reuzesprong
LJOUWERT-Der binne dit jier mar leafst 24 nije binnenkommers yn de Fryske top 100, dat binne der 6 mear as ferline jier. De heechste nije binnenkommer is werom te finen by de earste tsien.

Wa’t dat is, hearre we op âldjiersdei. Dan stjoert Omrop Fryslân de hiele list út en wurdt de top 10 bekend makke. Wol kinne we alfêst ferklappe dat der in nije nûmer 1 is. Ferline jier wûn ‘Wy Kam Fram Fryslân’ fan De Hûnekop en Oele Plop.
Net alle nije binnenkommers binne ek nij yn de Fryske top 100, want fiif binne âldere ferskes dy’t wer weromkomme yn de list.
Foar mear info: https://www.omropfryslan.nl












