Hylke Speerstra ûntfangt Fryske Anjer: “Ik bin in gelokkich man”

Cultuur en uitgaan
Fryske Anjer foar Hylke Speerstra
Fryske Anjer foar Hylke Speerstra Foto Omrop Fryslân

LJOUWERT- Skriuwer Hylke Speerstra krige freedtejûn de Fryske Anjer útrikke foar syn bydrage oan de Fryske kultuer. Anne-Goaitske Breteler waard beleane mei de talintpriis.

“Ik moat noch even wer mei beide fuotten op de grûn komme. Hjir stiet in gelokkich man”, sei Speerstra nei de útrikking.

De Fryske Anjer wurdt alle jierren takend oan in persoan of in organisaasje dy’t him fertsjinstlik makke hat foar de Fryske kultuer of natuer. Ien fan de bekendste wurken fan Speerstra is It wrede paradys út 1999, in boek mei libbensferhalen fan Friezen dy’t nei de Twadde Wrâldoarloch nei it bûtenlân emigrearren.

Ferhalen fan Friezen

It kaam meardere kearen nei foaren yn de speeches, de keunst fan Speerstra om de ferhalen fan de ‘gewoane, plattelânsfries’ op te skriuwen. Talintpriiswinner Anne-Goaitske Breteler (27) koe troch de ferhalen fan Speerstra yn de kunde komme mei it plattelânslibben dat sy sels nea meimakke hat, sei sy.

Neffens it cultuurfonds is Speerstra fan grutte betsjutting foar de Fryske literatuer en hat er de Fryske taal en tema’s mei syn boeken foar in grut publyk tagonklik makke.

Nea earder sa’n grutte priis

“It is de meast lêzen skriuwer fan Fryslân”, seit Kommisaris fan de kening en foarsitter fan it Cultuurfonds Arno Brok. “Hy hat in noas foar bysûndere ferhalen en hâldt de taal libjend. It is opmerklik dat hy nea earder sa’n grutte priis yn Fryslân krigen hat.”

De priis dy’t Speerstra krijt, bestiet út in spjelde, in oarkonde en in bedrach fan 5.000 euro. De spjelde is makke troch ûntwerper en edelsmid Theo van Halsema.

Talintpriis

Kultureel antropologe Anne-Goaitske Breteler krige de talintpriis, in bedrach fan 1.500 euro. Sy draacht neffens de sjuery mei har wurk de Fryske kultuer út. “Dit is foar my in hiele grutte ear, ik bin noch altyd read om ‘e holle fan de wurden dy’t ik krekt heard ha.”

Sy stiet noch oan it begjin fan har karriêre. “It is noch in hiel soad útprobearjen, wat wurket en wat net? Ast dêr yn sjoen wurdst en beleane wurdst, dat is de grutste priis dy’t ik krije kin.

It wurk fan skriuwer wêzen is net altyd maklik, jouwe beiden oan. “It is in soad wrakselje mei teksten en struktuer, in soad allinnich wêzen, mar blykber is it it wurdich.”

Boarne: Omrop Fryslân