Cultuur en uitgaan

Westermar toaniel spilet “De treflike dokter Paul”

Afbeelding
DE JOUWER - Buertferiening Westermar spile “De treflike dokter Paul. In klucht fan Henk Roede, Fryske bewurking Roel Klijnstra.

Bistedokter Paul (sublym spile troch Nanne de Jong) hat de praktyk oernommen fan dokter Vermeulen. In oare praktyk as it liket. Sels assistinte Lysbet (Jannie Post) wit fan neat. Rebecca (Gelbrich Kuiper) har “poes” hat lest fan jokte. As sy de broek del docht blykt it om in oare “poes” te gean. Willemyn (Margaretha Braaksma) komt hieltiid mei in oare fûgel lâns. Arie (Roel ten Hoeve), hynstefokker, hat muoite myn syn “merje”, syn eigen frou. Net de goudfisk fan Bearn (Ipe Solle) hat lest fan de mage, mar Bearn hat sels pine. Hjir moat Paul antwurden op fine, mar foargonger Vermeulen (Harm Jan Muurling) wit wol ried. De stammerjende postrinner (Michel Klaver, hat it publyk yn ‘e bûse) giet mei syn “servies” hiel fier. Hy iepent foar de besoarging de post al fêst. Rita de ex fan Paul komt del: se soe swanger wêze (sterke debútrol fan Laura Hoomans). Corrie (Japke van der Meer) fynt Arie nei de behanneling te fleansk, mar se fynt Bearn nei syn “hynstemiddel” bysûnder.

In goed spile klucht ûnder rezjy fan Sybren Sigtema.

Afbeelding