
TERHERNE - Feriening De Fryske Boerepream hat harren sylkompetysje ôfrûne wykein ôfslùten yn Terherne. Per wykein wurdt der in winner bekend. Foar de wykeinpriizen dienen 13 preamen mei. Spitich genôch moest ien pream fanwege materiaal pech ôfhekje. De nr 4 Nije Kimen. Trije preamen diene mei sûnder dat se meidinge yn de kompetysje priizen.
De promopream nr 56 De Dominee mei skipper Hans Brakkee;
De Gersker nr 3 mei skipper Warner de Jong;
De Geple nr 39 mei skipper Werner Ritmeester;
De Gersker en de Gepke debutearden.
Nei in prachtich sylwykein is de striid beslikke nei fjouwer wedstriiden. Op snein kakte de wyn derùt en is de lêste wedstriid ôfbrutsen.
Útslach fan de lêste kompetysje wedstriiden op de Terkaplester Puollen by Terherne 21-22 september 2024.
Mei 12 dielnimmende preamen.
1 Sjouke Kalsbeek mei nr 22 Symen Durk ùt Raerd;
2 Andries Flisijn mei nr 35 Sietse ùt Heeg;
3 Ygram Ykema mei nr 10 Diggelfjoer ùt Âldegea SWF.
Nei Wâldsein, Âldegea SWF en Terherne is de útslach fan de kompetysje 2024 fan De Fryske Boerepream;
1 Sjouke Kalsbeek mei nr 22 Symen Durk ùt Raerd;
2 Errit de Jong mei nr 47 Utrinner ùt Eastermar;
3 Sietse Bruinsma mei nr 36 Boereswel ùt Earnewâld.
Sjouke nimt de wikselbeker wer mei nei hûs. En fansels de blauwe wimpel. Al syn fjirde kear. Fan de gastfrou, cafè Zevenwouden krigen de mannen ek noch in flesse berenburg mei.
Tekst De Fryske Boerepream










