UIT?

It wie in super koart berjochtsje, mar ik ha der twa dagen fan op‘e grûn lein te laitsjen. Ik ha sels eefkes tocht dat it in 27 maaie grap wie. Mar nee, it wie earnst. It is net te leauwen. Se ha op it gemeentehûs besletten dat it UIT-festival DFM op 12 septimber inkeld yn Balk en Lemmer hâlden wurde sil en net (ja, jim lêze it goed NET) op’e Jouwer.

It UIT-festival wurdt altyd rûnom yn de provinsje meast op deselde sneon hâlden. Kulturele artiesten litte op strjitte harren wurk sjen en hearre, sadat de minsken opkwikt wurde om dêr yn de dêrnei kommende winter nochris hinne te gean yn teaters en mienskipssintra. Koartsein, in dei werop al je kulturele frijwilligers warber binne.

Dus ik siz wol dat se it op it gemeentehûs besletten ha, mar it ienige wat de gemeente docht foar sa’n dei is in hânfol sinten en fergunninkjes jaan. Dus sizze se no eins dat der yn Lemmer en Balk safolle aardige dingen betocht binne, dy’t safolle fan dat bytsje jild freegje, sadat der gjin jild is foar dingen op‘e Jouwer. Dat stiet fansels nearne; dat ha’k laitsjend betocht.

At der te min jild wie, hie de gemeente dan net wat bypasse kinnen? Foar saken dy’t de minsken wól passe. Want ik kin my net yntinke dat se op de Jouwer no betocht ha dat se graach sjen litte wolle dat se begripe dat Balk en Lemmer ek besteane en dat it miskien goed wêze soe dat dy alles krije en de Jouer him beskieden werom lûkt.

Mar it echte ferhaal is fansels dat der op’e Jouwer te min belangstelling is om jesels sjen te litten op in UIT-festival: der is ommers noch altyd gjin ûnderkommen foar de kultuur. It firtuele Brûsplak, dat se sa neamden omt je alle kulturele oprispingen op ien plak sjen litte, is der nei siz mar 15 jier noch altyd net.

Ja, it kulturele ûnderkommen yn Balk is wat oan de âlde kant, en Lemmer moat de sporthal hieltyd ombouwe. Mar dêr brûst it kulturele libben teminsten. En de gemeente seit, mei dit nuvere beslút, dat it op’e Jouer net sa is.

Eelke Lok