Skarster-BRÊGE
Wy wurde hjir fansels oan alle kanten ferneukt. Der kamen stikken yn de krante weryn stie dat immen mei in hege mêst op syn boat net mear nei de Tsjûkemar koe, omt it moterke fan ien fan de slachbomen fan de brêge yn de A6 ter hichte fan Skarsterbrêge stikken wie. En Rykswettersteat sei gjin jild te hawwen, want ja dat moterke stie net yn de planning.
Lykwols seinen in pear wettersporters dat se it wol sels betelje woenen. Mar wat dy net wisten is dat Skarserbrêge lêste hobbel is tusken Amsterdam en Bremen. Dus sei Rykswettersteat hastich dat der folle mear stikken is en dat dy brêge nea wer iepen kin foar boaten, omt se gjin jild ha foar wurk yn Fryslân. Dus wy lizze yn lingte fan dagen dêr foar de tichte brêge. Of sa’t we ek hiele einen omride moatte: omfarre.
It is de safolste kear dat we mei dizze brêge om de earen slein wurde. Doe’t de A6 opknapt wurde soe, waard op de tekening dêr in akwadukt set. De minister hat doe op it lêste momint dat stikje op de tekening skrast. Ik tink omt it de bedriuwen te lang duorre foardat soks klear wêze soe. Dat jild fan dat akwadukt is doe tink ik yn Hollân telâne kaam. En no ha we dus net iens in brêge mear.
It singeliere is dat it gefolch net wie dat Fryslân net sei dat se mei it steatejacht de A12 blokkeare soenen. Watte, de provinsje sei neat. Dus seinen lju dat we ditsoarte saken sels mar betelje moasten. Sels de faarbelêsting kaam wer op it aljemint. Ynstjoerde stikken. Faarbelêsting foar en tsjin.
Ik hie in skoanheit, dy hie skipper west. En dy sei dan altyd dat der ea earst inkeld mar wetter wie, en dat de diken en dus ek de brêgen letter kamen. Dy moasten harsels mar rêdde neffens him en de lju op it wetter farre litte. Yndachtich it tinken fan de oerheid kin ik dêr no wol wat yn meikomme. In brêge is foar de skippen en boaten op himsels al in behindering, dy moat net oant yn de beurs ta trochsette.
Eelke Lok