Ferkiezings
18 maart, dan mei jim wer stimme. Foar my moat jim dat ek. Dat fertsjinnet elke demokrasy. Al is in demokrasy úteinlik ek macht en ûnmacht. De macht fan it kolleezje om no hurd it swimbad yn de Lemmer wer iepen te goaien. En yn Balk de sport en kultuur op it AZC-terrein te smiten. Se tinke dat Lemsters swimmen leare wolle en dat de Balksters har nocht ha fan in AZC.
Mar dat je dan dêrom op CDA-PvdA-GL en de FNP stimme soenen, is fansels net sa. Leauw my no mar, hast nimmen wit hokker partijen yn it kolleezje sitte. En se witte hielendal net hokker partijen it mei it kolleezje iens wienen of folslein net. In protsje, lang net elkenien.
Lemmer en Balk lyk behannelje as de Jouwer slagget net iens altyd. Dus dêr ha’t net ien it oer wethâlder dy of dy. Nee, dan ha se it oer de Jouwer. Dat docht it ferkeard foar in hiel soad minsken. Of goed fansels, dat kin ek. En it grutte manco fan De Fryske Marren is noch altyd dat er hast noait earne in beslissing oer naam wurdt.
Dus is der foar ek de oare partijen noch alle reden om oan de bak te gean foar de ferkiezings. En dat bin der nochal wat. De kommunisten fan de Lemmer bin mei pensioen, mar fierder is alles der noch. En elk betinkt wat oars.
Sa fynt de FNP dat in ridende kroech in weardefol ynstrumint is om dy ferkiezings yn te gean. Se roppe dat it o sa moai is om dêryn mei elkoar fan gedachten te wikseljen. Ik jou se no al op in bryfke dat it ynskinken fan bier, om my Frysk bier, it wichtigste wêze sil foar de besikers.
En at we toch yn de jolijtsfear komme: Kleurrijk Fryske Marren hat in liet betocht, wermei se alle ferkiezingsgearkomsten iepenjen sille. In soarte oer-Tsjongerske Ynternasjonale. Op himsels net sa’n ûnaardich plan. Mar se ha dit meitsje litten troch in chabot-, AI en kommunikaasjespesialist. Dy hat it, seit hy, skreaun troch te harkjen nei ienriedigens yn de Fryske Marrenmienskip.
Jeetje, dan sitte der allegear falske toanen yn.
Eelke Lok