FNP De Fryske Marren: “Wize fan omgean mei elkoar, it gemoedlike, nei inoar omsjen, is de kearn”
“Ik krij wolris de fraach of’t ik it fierderop sykje wol, rjochting De Haach of soks. Mar dat hoecht net foar my. Ik ha it hjir wol fûn. De lijsttrekker van de Fryske Nasjonale Partij in de Gemeente De Fryske Marren en wethouder is geboren en getogen in Sint-Jut, maar vond via de liefde zijn plek in Joure. “It foldocht my hjir geweldich. De wize fan omgean mei elkoar, de folksaard, it gemoedlike, nei inoar omsjen, dat is foar my de kearn.” Dat omkijken naar elkaar noemen ze bij de FNP De doarpske wize fan libjen. “Earder diene wy in pear ekstra boadskippen yn de boadskipkoer foar de sike buorman as buorfrou. Dan hoechde je net fuortdaliks by de gemeente oan te kloppen foar in foarsjenning. Dát is wêr’t wy as FNP foar stean. Wy kinne it allinne mei elkoar dwaan.”

Woningbouw is een belangrijk speerpunt bij de FNP. “De ôfrune fjouwer jier hawwe wy noch nea sa’n soad boud yn De Fryske Marren. En wichtiger is: der stiet foar de kommende fjouwer oant tsien jier it mearfald derfan yn de planning. Wy binne eins krekt begun mei echt leverjen.” Tegelijkertijd noemt hij het dossier “Oergryslik dreech”. “Foardatst in wente bouwe kinst, moast troch sa’n soad wet- en regeljouwing hinne. Wy moatte sjen of’t wy dêryn net te fier trochsketten binne, en saken koarter kinne.”
Kritisch
Ook over betaalbaarheid is hij kritisch richting het Rijk. “Yn Den Haag hjit 420.000 euro betelber. Hokker starter kin dat hjir betelje? As wy it hjir oer betelber hawwe, dan prate wy oer sa’n 300.000 - 320.000 euro. Wol bin ik der tige grutsk op dat wy tegearre mei wenningkorporaasjes, ûntwikkelers en ynwenners in goede miks fan wenten mei in hege kwaliteit realisearre hawwe kint.”
‘Latte leit heech’
Diezelfde trots klinkt door als hij het heeft over ruimtelijke kwaliteit. “Ik fyn dat dy yn De Fryske Marren hiel heech leit. Wy hawwe gewoan in prachtige gemeente. Wy tinke goed nei oer hokker ûntwikkelingen wêr pasje en wer júst net.” Als portefeuillehouder ruimtelijke ontwikkeling ziet hij dagelijks de spanning tussen bouwen en behouden. “Natuerwearden spylje in wichtige rol. Dêr moast in kar yn doare te meitsje en dêr dan ek foar stean.”
Vlag uit
Toen Provinciale Staten van Friesland unaniem besloot dat alle kinderen Fries leren en actief gebruiken in basis- en voortgezet onderwijs, ging de spreekwoordelijke vlag uit. “Mar ik sis al trettjin jier dat it better foar bern is om op de basisskoalle trije talen njonken inoar te learen: de Trijetalige skoalle.”
Forse uitdagingen
Vooruitkijkend ziet Van Hes (33) forse uitdagingen. “Wy moatte bouwen bliuwe, mar ek neitinken gean oer oare grutte fraachstikken lykas de feangreideproblematyk en wetterpeilferheging. Wat betsjut it as it wetterpeil omheech giet? Kinst net tsjin in boer sizze: sukses dermei. Agraryske ûndernimmers hawwe hjir in spilfunksje.” Volgens hem vraagt het watervraagstuk om realisme én samenwerking. “It paskleare andert is der noch net. Mar litte wy begjinne mei de earste stappen, bygelyks oergean op in oare wize fan buorkjen. Mar dêr moat dan fansels wol middelen en regelromte tsjinoer stean foar de agrariér.”
Pluim
Ook leefbaarheid in dorpen blijft een speerpunt. “Net elts doarps hoecht in plysjeburo as in bibleteek, mar foarsjenningen moat wolle berikber weze. Wêr’t der draachflak foar is, soene sportferieningen tegearre gean kinne om in sterk moetingsplak te behâlden.” Tot slot prijst hij de financiële koers van zijn partijgenoot en wethouder Financiën. “Wy binne somtiden wat behâldend yn begrutsjen, mar dêrtroch is ús gemeente wol finansjeel sûn. Ien fan de sûnste fan Fryslân. Dêrtroch hawwe wy romte om inisjativen fanút de mienskip te stypjen, lykas it Brûsplak op De Jouwer, it nije sportkompleks yn Sint Nyk en it MFC yn Balk.”
Kennisoverdracht
Vanaf zijn dertiende gaf hij voetbaltrainingen aan jeugdigen. Maatschappelijke bijdrage en kennisoverdracht. Later zou blijken dat deze waarden als een rode draad door zijn leven lopen. “Ik ha de havo en de pabo dien, bin basisskoallelearkrêft west en dêrnei skoaldirekteur.” Eerder al, op zijn zeventiende had Van Hes zich aangemeld bij de FNP na eerst van alle politieke partijen de partijprogramma’s te hebben gelezen. “De FNP past hast 1 op 1.” Het bezoeken van fractievergaderingen met FNP-raadslid Jochum Meester vormde een mooi fundament. “Op ynhâld waard der hiel skerp mei elkoar sprutsen. En nei de tiid efkes in borreltsje yn it kafee. Gewoan foar de sfearbewaking, foar de humor. Efkes mei elkoar bûten de polityk om in praatsje. En dat wurdt noch altyd dien.” Voorbeeld van zijn maatschappelijke bijdrage is zijn wethouderschap. Minder bekend wellicht is dat Van Hes ook reservist is, in de functie van militair adviseur bij de Veiligheidsregio.
Dit is een politieke reclameboodschap in het kader van de gemeenteraadsverkiezingen. Meer informatie op politiekereclame.nl