Ynformaasje
In pear dagen neidat dizze krante ferskynt, is der in ynformaasjejûn yn Tsjerkgaast oer de brêge fan Spannenburch. Dêr sil sûnder mis ferteld wurde dat se aanst hiel lang net nei de winkel yn St. Nyk kinne, of se moat in hiel ein omride. Elkenien moat foar it oare dan hiel lang omride, omt se besykje sille dy brêge sa te ferstevigjen dat je der noch wer 75 jier oerhinne ride kinne. Je kin dy 16e febrewaris yn Tsjerkgaast hiepe, piepe, skrieme of raze, dat jout neat. Gjin ferwin.
At de ried oppast hie, hie der wol ferwin west om it gemeentehûs fan De Fryske Marren net sa yngreven te ferbouen, as at no bart is. Of nee, it is noch net iens dien. Ja, it hie yn septimber klear wêze sillen; it wurdt lykwols april. Soks is foar it oare net ûngewoan by oerheidsprojekten, riedsleden wurde altyd oer de streek helle mei té optimistyske plannen.
Ek finansieel. It nije gemeentehûs kostet omraak mear as at earst sein wie. Ek dat is dus net ûngewoan. Wol at je lêze dat neidat it plan by de ried foarlein is, der letter noch wer it ien en oar feroare is. Se krigen troch dat it wol hiel ûngelokkich we dat de besikers fan it gemeentehûs pas nei in kilometer rinnen op har plak komme koenen. Likegoed mocht dy ‘daverjende entree’ stean bliuwe. Ik húverje der al fan.
Dit witte we allegear omt wethâlder Barbara Gardeniers de befolking fan De Fryske Marren fertelle woe dat se der as kolleezje net yn slagge binne om sa’n projekt goed op poaten te setten; sa’t kommersiële ûndernimmers wol kinne. Dat jild foar it oare foar alle heale en hiele oerheidsorganisaasjes yn de hiele wrâld.
Dat komt neffens in ynstjoerde stikken skriuwer yn de Ljouwerter Krante omt de befolking té folle ynformeard wurdt. Dy seure allegear sa, dat alles te lang duorret en dus te folle jild kostet. Dêr ha ik lang oer neitocht. Ja, we bin dan fan in hoop gedoch ôf en de demokrasy slacht echt wolris troch. Mar it is dochs ús heechste guod? We sjogge at de demokrasy fuort is, dat alles yn ûnstjoer is. Dan mar seure.
Eelke Lok