Boer Bart

Miskien omt it yn perioade fan net al te folle echt nijs siet, mar no kaam it folop yn de skynwerpers te stean: dat boer Bartele Holtrop fan Rotstergaast en de bestjoerders fan de gemeente De Fryske Marren elkoar net yn de earms foelen ûnder de Krystmistletoe.

Boer Bartele en syn frou Rianne ha harren boerebedriuw opkwikt mei allerhande aktiviteiten. Spultsjes foar de brern en in kopke korfje. Linkendewei is dat mear en mear wurden. Dus kin je der no ek in parika keapje. Of in barbecuetsje dwaan. It gesellige kombinaasjebedriuw Boer Bart. Safolle is dêr ek net yn de buert. Oars moat je foar de kofje trochride nei Ychtnerbrêge of sa.

Blykber bin lykwols altyd lju dy’t it in oar net gunne, of echt lêst ha fan flachjes en lampkes. Dy fregen de gemeente at dit allegear wol koe. De gemeente lies de fergunning nochris en seach doe dat dit neffens harren net koe. Mar Holtrop sei dat hy de ynkomsten nedich hat om syn bedriuw yn stân te hâlden.

Dan begjint it oer en wer gedoch. Net iepenbier, oant de gemeente sei dat at Boer Bart trochgie nei 3 desimber mei aktiviteiten dy’t net yn syn fergunning stienen dat hy dan in deistige twangsom betelje moast. Dêrmei waard it in echt konflikt. Nimmen die in stap werom, en dus kaam it foar de rjochter.

Dy rjochter sei dat net ien fan beiden it goed dien hie. Dêrmei doelde hy net inkeld oer wat der al of net op papier stie. Je kin it as rjochter net sizze, mar hy bedoelde dat de ûnderlinge kommunikaasje net doogde. Der ha fansels in hiel soad petearen en brieven west yn de ôfrûne perioade. Mar at je oan tafel sitte te praten moat beide kanten ree wêze om ek nei elkoar te harkjen. Harkje is it wichtigste part fan kommunikaasje.

At de ien in net komplete fergunning ôfjûn hat en at de oare dêr misbrûk fan makke hat en je binne net in millimeter tichter by elkoar kaam, dan hat dy rjochter folslein gelyk. Der hinget earne noch wol in mistletoe. Gean dêr nochris mei elkoar ûnder sitten en tink oan syn wurden.

Eelke Lok