Swurden

We fine op souders fan pake en beppe somtiden saken wer werom út lang ferfljochte tiden. Dan bringe we dat nei Kunst of kitsch. Meastal sizze se dêr dat it hast neat wurdich is en dan bringe we it nei ien of oar museum. Dy sizze dan net ‘set it mar op de skoarstienmantel’. Nee, se smite sok guod dan yn in depot. En dan wurdt der fierder nea wer nei sjoen. Us rykdom sit yn it depot.

It depot fan it museum Sleat is op de souder fan it âlde gemeentehûs yn Balk. Frjemd. Noch frjemder wie dat dêr twa swiere swurden leinen. Frysk is betiizjend: dit wiene gjin swurden dy’t je oan in skûtsje hingje, mar hjirmei sloegen je de holle fan buorman der ôf.

Dat wie lykwols mei dizze swurden noch in hiele put. It bin nammentlik twahânsswurden. It Frysk is hjir wer betiizjend, want it bin gjin twaddehânsswurden, al bin se optheden frij wat twaddehâns, sûnt je mei drones wurkje. Mar dit bin dus swurden wêrby je twa hannen brûke om dy holle fan buorman der ôf te huffen: twahânsswurden.

Wat ik no witte wol hoe’t dy twa twahânsswurden op de souder fan it gemeentehûs fan Balk ferstoppe waarden. Wy ha hjir yn Fryslân altyd ien hillich twahânsswurd hân. Dat wie fan Grutte Pier. Dy’t dêrmei, sizze we, de Fryske frijheid ferdigene. Dat slagge net want der waarden letter yn Hollân noch woi mear twahânsswurden fûn. Dy wienen fansels lang sa moai net as ús hillige twahânsswurd fan Pier, mar se waarden dochs ferneamd. Hoe kin je it dan yn de harsus krije en lit net ien, mar twa fan dy dingen, ferruskje op de souder fan in gemeentehûs fan wat earder in buorgemeente wie.

Historisi skriuwe boeken. Gewoane minsken, dy’t ek nijsgjirrich binne nei it ‘âlde’, sykje op frijwillige basis guod fan eartiids. Se sammelje dat en at it hûs te lyts wurdt dan meitsje se mei wat oare frijwilligers in museum. Al dy frijwilligers bin fantastyske minsken, mar krekt dat se minsk binne betsjut dat elk syn eigen miening hat. In Sleattemer pasifist hat de swurden ea nei Balk brocht.

En no wolle wy ek witte wat dêr noch mear leit.

Eelke Lok