Restôffal
De gemeente De Fryske Marren hat in betiizjend parseberjocht ferstjoerd. Dêr stiet yn dat de ynwenners fan De Fryske Marren folle mear smoargens fuortsmiten ha as at se ea dien ha. Fan 618,4 kilo per ynwenner yn 2023 wie it fuortsmiten guod yn 2024 677,4 kilo. Dat is sawat 60 kilo de mins.
Dy ferheging komt omt de bedriuwen en winkels de miljeuminsken folgje en alles ynpakke. En wy moat dan al dy plastik rotsoai kwyt reitsje fansels. Dêrmei ha dy miljeulju har eigen glêzen ynsmiten, want dêrtroch is de ôffalstream tanaam. De Fryske Marren is foar it oare in middenmootje. 180 kilo smite se dêr yn de kontener en dat is lanlik gemiddeld 179 kilo. Keurich.
Dy 180 kilo is restôffal. Ja, dat moast ik opsykje op google. Restôffal is alles wat je net skiede kinne út je eigen rotsoai. Restôffal neame se kattebakfulling, kofjekupkes en stikkene wynglêzen. Ik ha gjin kat, echte kofjebeantsjes en smyt noait in wynglês stikken. Lokkich sizze se derby dat alles wat je net witte, it bêste dochs yn de restôffalbak smiten wurde kin.
No docht De Fryske Marren der noch in betiizjend skepke ôffal oerhinne. Se fine dat de ynwenners fan de gemeente sa gau mooglik better witte moatte wat skieden wurde kin en ek noch wat sirkulêr brûkt wurde kin. By elk pûdsje wat je fuorsmite moat je jesels dus ôffreegje wat der noch mei barre kinne soe. Want se wolle dat jim fan dy 180 kilo restôffal per ynwenner werom geane nei 60 kilo. O ja, dat wie likefolle as dat der yn in jier mear fuortsmiten waard.
We kin dus ferwachtsje dat der mei gauens in stoomkursus ôffal-fuortsmiten opset wurde sil. En dat we dan nei dy 60 kilo gean. Benijd at by de gemeente immen is dy’t wit wat noch te brûken is.
Lit ik jim út de dream helpe. Se wolle jim wiismeitsje dat it jim slagget om al dy kilo’s te skieden. Dan fine jim it minder slim dat aanst alles wat jim fuortsmite woegen wurdt. En dan mei jim dat betelje. Sa wurde jim troch jim eigen beurs twong om mei te dwaan oan it skiedingssirkus.
Eelke Lok