Ballonnen

It plak Joure makket op in hiel singeliere wize reklame om toeristen te lûken. Se skrieme. We ha neat, we ha gjin wetterpoarte, en gjin iishal of fuotbalstadion. Gean mar nei Snits of Hearrenfean, dêr bin ek noch sikenhûzen. No ja, dat lêste skriuwe se noch krekt net. Se skrieme. We bin gjin stêd, we lizze net oan de alvestêderûte. We lizze ek net oan de Iselmar en bin dus ôfgeunstich op Sleat/Balk en Lemmer, Dêr moat jim hinne. 

Neffens dy reklame hat de Jouwer gjin ‘bruisend nachtleven’. No, de reklameskriuwer hat blykber noch nea op Jouster Merke west, mar alle oare 363 dagen hat er miskien wol gelyk. De reklameskriuwer wol ek graach dat der in coffeeshop op’e Jouwer komt, want pas nei dat geestlik shotsje draeit it in bytsje. We ha yn de Jouwer gjin stopljochten. Hy hat gelyk, it hâldt mei in ekstra sebrapaad wol op. 

Wêrom moat dy toeristen dan dochs nei de Jouwer komme? Omt se dêr de skiednis as knooppunt fan alle ferkears- en wetterwegen wiene en noch binne. Je kin der dus o sa goed hannelje. Ik sit mei de bek fol tosken, dy toeristen sitte dus op de bedriuweterreinen. 

Gjin idé wa’t dy skriuwer ynhierd hat, wylst it VVV hjir ek noch foar de hiele súdwesthoeke it haadkantoar hat. Mar hoe kin je no ferjitte dat ienris yn it jier Joure yn it sintrum fan alle belangstelling stiet mei de ballonfeesten. Yn 1986 bin se dêr mei begûn omdat se doe al seinen we moat as de Jouwer wat spesiaals ha. We ha hjir noch wol in âlde drafbaan lizzen, wêrop ien dei yn it jier froulju de swipe ha. Dêr kin we dy ballonnen wol loslitte. En omt it ferline jier te wiet wie en it net trochgean koe, ha we no ôffierputsjes groeven op dy drafbaan, sadat at it wer reint it wetter fuortrint. 

En at aanst al dy toeristen oan de diken sitte om te sjen nei al dy ballonnen dy’t omheech geane, watte at aanst hiel Fryslân by bepaalde wyn sjen kin wat der mooglik is mei dy ballonnen at se elkoar teminsten net ferniele, dan hoopje ik dat se dy reklameskriuwer yn in ballon set ha. 

Eelke Lok 

Eelke Lok wie sa’n 50 jier sjoernalist yn Fryslân. Hat in pensjoen en in miening. Njonken de sjoernalistiek wie hy kollumnist yn De Nije, Frysk en Frij, Friesland Post, Leeuwarder Courant en by Omrop Fryslân. No yn de moanneblêden fan GrootMedia en mei in sprutsen kollum foar GrootFryslân.