Bre-ôf
Je sil mar op in brêge stean en dy giet ynienen omheech. Brêgwachters yn Fryslân dogge dat wolris, at immen ûnder de boom trochstrûpt is en noch hurd de brêge oerdrave wol. Ien sentimeter omheech jaget de skrik der wol yn.
Mar je kin ek yn auto sitte, en it ljocht stiet op grien. Ride. En dan giet de brêge omheech. Dán mealt it je raar yn it liif om! It oerkaam in pear auto’s op de brêge oer de grutte slûs yn de Lemmer. Dat dy frou har auto hurd njonken in frachtwein sette, oars wie dy op har donderde, út de auto krûpte en oer it stikje iependraaide brêge op de fêste wal sprong, is in wûnder. Der mankearde har fysiek neat, mar de harsens wiene goed yn de betizing. Se wol noait wêr oer in brêge ride. Skoan te begripen, inkeld dan kom je yn Fryslân nearne mear.
It kaam omt se mei de dyk oan de gong wiene. Maaie is ommers de moanne dat je dat oeral dogge. Wichtich wurk. En dan moat dus de oerlêst foar al de lju dy’t wegenbelêsting betelje sa heech mooglik wêze. Omride. At je fan Drachten nei de Ofslútdyk wolle dan moat je omride oer Ljouwert en Harns. At je dy pear kilometer fan Koudum nei Warkum woene, moasten je omride oer Balk en Snits…..
Diken wurde tiden lang kompleet ôfsletten; kin dat net hurder. En wêrom wurdt der net wat faker ’s nachts wurke. Hoewol, dat is ek al wer oerlêst foar de lju dy’t dan wurkje. Want at sa’n dykswurker ’s nachts syn poat ferkloft, moat der yn it sikenhûs in mannichte lju klear stean om der in pleister op te plakken.
It sil wol net oars kinne. Mar der soe mear begryp foar wêze at de dykswurkers ek begryp ha foar de oerlêst. En it gedoch op de brêge yn Lemmer tsjut fansels oan dat de automatyske rotsoai op ôfstân oer board dondere wurde moat. Dat ha we al sein doet it ynsteld waard. We moat wêrom nei brêgewachters dy’t op knopkes drukke at se it sels allegear goed sjoen ha.
Eelke Lok