Brûze, mar net siede
At je it oer 2016 ha, dan ha je it oer it ferline. It is yn elk gefal hast in desennium lyn dat yn de gemeenteried fan De Fryske Marren sprutsen waard dat de Jouwer in geweldich kultureel sintrum ha moatte soe. De namme dy’t doe dêrfoar betocht is, de moaiste namme foar sa’n briedplak, is lykwols it ienige wat oant no ta realiseard is. It Brûsplak.
Mar it brûst echt noch net op’e Jouwer. Se ha der oant no ta inkeld mar sitten te haffeljen oer wêr at it no presies brûze moatte soe. Earst hienen se it eineleas oer de Evenemintehal. Doe, like fruchteleas, oer ’t Haske. Uteinlik sei it kolleezje dat it dan mar yn sporthal de Stuit moast. Gebouen ferboue.
No ja, wêr at je ek ferboue wolle, oeral bin der lju dy’t in hekel ha oan auto’s, minsken en toeterlûden. Dus ek by de Stuit woene de omwenjenden net dat der ek noch brûst wurde soe. En omwenjenden bin hjir yn dit lân de baas, dus hup, wer werom nei de âldehoertaffeltsjes. Eineleas.
It kolleezje hat no feroardenearre dat it dan mar yn de Brede Skoalle oan de Keningin Julianastrjitte moatte soe. Sterker, se sizze dat se hoopje dat dit it definitieve plak wurde sil. Dat wurdt de earste fiif jier neat: want yn dy Brede Skoalle sitte no twa basisskoallen. Wêrom twa is foar my in riedsel, mar der sil dus wol in kristlike muorre yn stean. Fierder sit der yn dat gebou noch berneopfang, bûtenskoalse opfang, in sintrum foar keunsten, in kantoar fan in wolwêzensorganisaasje en in gymsaal. Wêr moat dat spul allegear hinne. Nei sporthal de Stuit of yn it Haske? Of moat der allerhande nije geboutsjes komme? Stiet der net by yn it foarstel fan it kolleezje, en dus moat der noch jierren oer praat wurde.
En stel at de deawurge en útlulde ried úteinlik seit ‘doch dat dan mar’, en stel dat de omwenjenden dêr mei akkoart geane, dan moat se alles noch betinke hoe’t je in âld brûkt gebou ferboue ta in kultureel brûsplak. De lju dy’t dy moaie namme Brûsplak betocht ha lizze dan al lang ûnder de seadden.
Eelke Lok