Swimbad fersûpt


Der bin fan dy dingen dy’t delsetten wurde en dy’t tige lang goed funksjoneare en rindemint ha. Der bin ek fan dy dingen dy’t oprochte wurde, mar wêr at alle dagen wol wat oan de hân is. No moat sein wurde dat it oan de bûtenkant liket dat it rindemint fan Beachklub Lemmer wol doocht. Simmers ha se immen by de yngong stean dy’t minsken tsjinhâlde moat, want it is dêr te drok. 

Likegoed is dy beachklub fanôf de oprjochting altyd yn it wat negatieve nijs. Ik kin my noch yn it sin bringe dat de eigner dêrfan, Gert Jan Modeel, en de gemeente yn tsjok waar wienen oer wa at der foar at soargje moast dat de beach fan de beachklub skjin makke waard. Ik wit net iens mear wa at dat wûn hat. 

Dyselde Modeel hat no yn jannwaris it swimbad ûnder it restaurant sluten. Hy hat de behearders dien jûn en gjin nije minsken beneamd. No blykt dat it ienigste ploechje wat dêr noch yn om swimd, de reddingsbrigade fan de Lemmer, der aanst ek net mear komme mei. Dy koenen troch tuskenkomst fan de gemeente noch oefenjen bliuwe, mar dat liket no ek de mist yn te gean. 

De redders roppe de gemeente no op om yn beweging te kommen. Want ja, wy witte ek wol, at in reddingsbrigade mei al dat wetter yn en om de Lemmer net mear oefenje kin, dan moat der earne oars in ploech minsken oefenje om de Lemster reddingsbrigade te rêdden at dy sels oan it rêdden binne. 

It hat ús omtinken, mar Mondeel is baas, seit de gemeente, Dat betsjut dat de earste fiif jier der neat feroaret en de reddingsbrigade útswom is. En fansels al ús bern en bernsbern dy’t noch swimmen leare moatte. Want dêrom is dat swimbad der kaam. 

In swimbad is in iepenbiere ynstelling en mei nea brûkt wurde troch in partikulier om sinten te fertsjinjen. Dat wurket net, sa blykt no al wer. Dus sil de gemeente daliks, leafst moarn al, mei in plan komme moatte foar de bou en eksploitaasje fan in iepenbier swimbad op de Lemmer. Moat je ris sjen hoe gau at dy Modeel dan troch de bocht is. 

Eelke Lok