Boeken
Yn Lemmer is in biep iepene. It waard dêr ek wolris tiid dat de Lemsters in kear learden hoe’t se lêze moatte. Dy biep is dêr foar it oare kaam troch gearwurkjen fan de Lemster befolking en de gemeente. It hjit dan ek mienskipsbiep. En op de Jouwer kin je yn de biep in digitale kursus folgje. Dat is nedich, want dat is de ienige wize wêrop je de oerheid noch folgje kinne. Tige moai allegear.
In biep is offisieel in bibliotheek. Yn it Frysk sels sûnder h. Of bibleteek, dat is foar de lju dy’t biblioteek net útsprekke kinne. As ik dit sit te skriuwen sjoch ik om my hinne. Ik sit boppe yn myn ‘kantoarke’. Oan de kant stean dêr likernôch 1500 boeken. En ik ha by ferhûzjen alris sa’n 1000 jûn oan de biep yn de Gaastmer yn it doarpshûs.
Ynienen ha’k al dy 1500 boeken op myn skouders lizzen. Want at ik der net mear bin, wêr komme dy boeken dan telânne? Eins soe’k wol wolle dat se dan ek yn in bibleteek telânne komme soenen. Se bin allegear noch wol netsjes, dus it soe bêst kinne. Mar dat kin ik no noch net regelje, want ik wol se net kwyt.
Boppedat kin it net, want ik kin tsientallen lju dy’t presies itselde ha. Wêr moatte al boeken aanst hinne? De bern wol se ornaris net ha. Ja, dat iene wat heit sels skreaun hat, mar fierder net hear. En de bernsbern witte amper wat in boek is en sjogge ús spotsk oan at we in boek fan Sinterklaas krije. At dy wat lêze wolle ha se inkeld in oplader foar de telefoan nedich.
Likegoed is it frjemd, dat der optheden gâns nije boeken útkomme. En de útjouwers bin net ûntefreden oer de ferkeap. En der bin folle mear minsken dy‘t in boek oer harsels of har libben skriuwe, en we wolle it allegear lêze. Of der wurde glossy’s makke, dy’t sa moai binne dat je se ek bewarje wolle.
No ja, de hiele wrâld is dochs al in kontradiktio. Lit we mar bliid wêze dat de mienskip sa no en dan de gashendel efkes wat werom hellet.
Eelke Lok