Stroom

380.000 volt. Gjin idé wat soks is, mar at je it sa stean sjogge dan bliuw je wol mei de hannen ôf fan de heechspanningskabel dy’t se de kommende tiid oer Fryslân hinne spanne sille, want dat fertel je net nei. Dy heechspanningskabel komt sowieso oer de Fryske Marren te lizzen, hoewol we der eins neat mei te krijen ha. De kabel moat nammentlik de stroom fan Vierverlaten yn Grins nei Ens yn de Noafdeastpolder bringe. 

Se bin al jierren dwaande om ús der ferskriklik folle oer te fertellen, mar it hat ús belangstelling net echt. Dy stroom moat ommers ús telefoantsje en auto oplade en de kachel en de telefyzje draaie der ek op. En dat bin toch de fjouwer wichtigste saken yn ús libben? En dat dêrfoar in kabel yn de loft nedich is, dan moat dat mar. Dizze kabel is yn Nederlân de lêste heechspanningskabel dy’t noch oanlein wurde moat, mar ik ha neat heard oer drege diskusjes op de plakken wêr’t se al sokke grouwelige saken oanlein ha.

Want it is net samar in kabeltsje wat se njonken de glasfezel bedobje. Nee it bin grutte stielen monsters dy’t sa no en dan earne yn it lân kwakt wurde, sa liket it. En dêr hingje se dan in stik as tsien fan dy mânske stroomtriedden oan fêst. 380.000 volt. Huuh.

Yn Fryslân wiene der hjir en dêr wol wat soarchlik oplutsen wenkbrauwen op dy ynformaasjegearkomsten, want we hâlde hjir noch al fan ís lânskip. En we ha gjin ansichtkaarten mei rêstich ûnder in heechspanningskabel steande kij. Fanwege dat byld ha we de wynmûnen foar it meast yn see setten en ha we de stroom dy’t we brûke allegear bedobbe yn ús moaie lân. 

Dizze stroomtriedden moatte dus oer de Fryske Marren hinne. Wêr lâns presies is noch net bekind, mar de mooglike trajekten komme yn de buert fan Lemmer o sa ticht by elkoar. En we ha dus allegear neat op heechspanning tsjin, mar sizze wol: net by ús yn de strjitte. Ik soe lykwols efkes wachtsje mei dy diskusje. Want at de munysje wol yn Bantegea opslein wurdt, dan kin der tagelyk ek dy stroomkabel ek moai lâns. Want dêr wol net ien by wenje.

Eelke Lok