Sikenhûs

Waarnimmend boargemaster Klaas Agricola stjoerde in Krystboadskip de gemeente yn wêryn hy oprôp om ris wat faker te glimkjen. In hert ûnder de riem foar de minsken dy’t defêtistysk oan it wurden binne. Klaas joech noch ta dat de wrâld dêr net foar iepen stie yn it ôfrûne jier, mar dat moasten we dochs mar manhaftich by ús del glydzje litte. En elkoar gesellich in salich útein tawinksje, werby it wurd útein net letterlik bedoeld wie. 

Klaas Agricola sil fan els ek in nijjiersrede hâlde en at dit blêd by jim komt hat hy dy wierskynlik al útsprutsen. En dêryn sil hy fansels sein ha dat it glimkjen fan de Kryst, no yn it nije jier wol folslein laitsjen wurde koe. Wat ferskynde der nammentlik begjin jannewaris yn de media: dat it Ljouwerter sikenhûs MCL en sikenhûs Tjongerschans yn Hearenfean gesamelik in nije namme oannaam ha, omt se gearwurkje: ‘Frisius MC’. 

Ik warskôgje efkes, dat is in papieren kommersieel ferhaal. Want fierder feroaret der neat. Alles bliuwt gelyk. En it wie fantefoaren ek al sa as je y Hearenfean net telânne komme koene, dan waarden je trochstjoerd nei Ljouwert. Of Snits. Of Drachten. Of Grins. En at se yn Snits jo eagen better opereare koenen, dan waarden je dêr fuortendaliks al hinne stjoerd.

Dus dy (eventuele) laits fan Agricola is wat krampeftich. Want wat betsjut de geboarte fan Frisius foar de Jouwer. Dat de ôfrûne moannen neat oars dien hat as foldwaande romte en fergunnings geskikt meitsje foar dy oare gearwurking, dy tusken Antonius Snits en de Tjongerschans. Dy soenen oer tsien jier opheven wurde en de Jouwer soe it sintrale sikenhûs fan súdlik Fryslân krije. Jim kinne de diskusje. 

Mar wat betsjut dy fúzje Hearrenfean Ljouwert no foar dat ferhaal? Komt der no in sintraal sikenhûs foar Ljouwert en Hearrenfean earne by Akkrum of Grou, krekt op it plak wêr at eartiids it stadion komme soe foar de fúzje tusken Cambuur en de SC Hearrenfean? Of betsjut dit dat Frisius aanst ek in ynstek hat yn de nije sitewaasje op de Jouwer? 

We witte it net. Agricola ek net. Gemeentes wurde net oan de mouwe lutsen troch de sikenhûsdirekteuren en de fersekeringsmaatskippijen. We moatte mar ôfwachtsje wêr at we aanst hinne moatte foar ús defêtisme. 


Eelke Lok