Opleukje


(Vervangende actuele tekst voor de kleine lettertjes bij biografie Eelke Lok)

Eelke Lok wie sa’n fyftich jier sjoernalist yn Fryslân. Hat in pensjoen en in miening. Njonken de sjoernalistiek wie hy kollumnist yn De Nije, Frysk en Frij, Friesland Post, Leeuwarder Courant en by Omrop Fryslân. No yn de moanneblêden fan GrootMedia en mei in sprutsen kollum foar GrootFryslân. 

Sân direkteuren, arsjitekten, projektlieders en in wethâlder moasten op in moandeitemoarn op it gemeentehûs in lange wite jas oandwaan, sadat it like at se echte wurk dienen. Se moasten ek in gele, wite of blaue helm opsette. Ek noch learzens oan. Doe nei bûten. Se krigen allegear in lang tou yn hannen. Dat touwurk siet fêst oan in spesiaal fabrisearde âlderwetse heistelling. Allegear njonken elkoar stean en allegear laitsje. Doe koe Mart Heemstra in foto nimme. 

Der stie ûnder dat dy lju mei syn allen symboalysk de earste peal sloegen foar de nije útbou van gemeentehûs Heerema State op’e Jouer. Ik hie noch noait heard dat je foar útbou ek al earste peallen yn de grûn huffe. Echte earste peallen fan nije gebouen wurde ek mei ditsoarte fratsen opleuke. Dan kin de echte wurkers in heale dei neat dwaan. En it wurk begint in pear dagen letter omt de boargemaster of sa dan pas kin. 

By dizze saneamde symboalyske peal wie it noch slimmer. Wat hat it yn fredesnamme foar doel? En wat kostet it wol net. Sân wite jassen, sân pear learzens, sân helmkes. En fansels nei de tiid in borrel en woarst. De tiid dy’t soks ek kostet, mei it bouen fan in sabeare âlderwetske heistelling en sa der ek noch by. Tinke se no echt dat de amtners spesiaal út it gemeentehûs kamen en stienen te klappen? En tinke se no echt dat de minsken tús in orgasme krije at se dy foto yn de krante stean sjogge. 

Nee. Ja, it sil allegear úteinlik wol folle moaier en effisiënter wurde tink. Mat dat fertoan hie der no net by hoecht. Der komt inkeld ellinde. Amtners sitte in jier yn de rommel en moat hieltyd fan plak ferskoue. Want der sil fan binnen ek fan alles barre. 

De befolking fan De Fryske Marren moat in jier lang omride om der te kommen en dan kin se der ek noch gjin minsk of loket mear fine. Omt de riedseal in sintraler en grutter plak krijt yn it nije gemeentehûs sizze de opleukers no al dat it publyk dan better kennis meitsje kin mei de demokrasy en polityk. 

No, at se dizze foto sjogge dan komt dêr noait ien oait wer. “At se dêr ús jild oan ferknoeie”. 

Eelke Lok