Gas
Der rûn in man efter my yn St. Nyk en dy sei: ‘it hat hjir noch nea earder sa drok west’. Ik soe sizze dat it by de merke drokker is, mar hy rûn my sûnder kantroeren foarby. Sa hastich, omt der yn it Zalencentrum in ynrinbyienkomste wie oer gas. It wie sa drok, dat je de auto sa wat yn Langwar delsette moasten.
Koartlyn hie elk in brief krige en yn de krante lêze kinnen dat Vermilion Energy nei gas boare sil tusken Wâldsein en Follegea. Ja verrek, dat hiene we yn de 80-er jierren ek al ris heard, mar der doe gjin acht op slein. Grins hie ommers doe noch gjin ierdskokken hân en dêr wie ek sa’n dikke gasbel, dat dit súterige hoekje soenen se wol oerslaan. Wês earlik: we wienen it allegear fergetten.
Mar no wisten we it wer. Hup, allegear nei St. Nyk en dan soenen we dêr wolris efkes sizze tsjin dy mannen wat we der fan tochten. Wy ûnnoazelen. Der wie net ien dy’t fertelle koe of woe hoefolle de grûn sakje soe en hoefolle gas at der sit. We koenen net yn diskusje, we koene der inkeld yn rinne en seagen elkoar wat ûnnoazel oan.
We wienen it wol iens hear; it moat mar net. De SP en GrienLinks, werkenber oan reade en griene hesjes, stienen te protestearen. En dêr rûnen wol wat riedsleden fan De Fryske Marren om. Dy prate wol, mar dy ha neat te sizzen.
Provinsje, wetterskip, gemeenten en alle pleatselik belangen bin allegear alert. Se hoegden net opnaaid te wurden. Se sille in fûle mar sinleaze striid fiere om skuorren yn ús hûzen foar te kommen. Se bin allegear ûnmachtich. Want se stride net tsjin Vermilion, mar tsjin ús regear.
Sophie Hermans is de meast tsjinstridige minister. Want se is fan de VVD, mar no ek fan klimaat en groene groei. At se it mei ús iens is krijt se in dikke rekken fan Vermilion oan de reet. Fan miljarden. No, dan seit Wilders ‘dat doen we niet’. Dan ha we dêrnei noch mar ien kâns dat de grûn hjir net omdold wurdt. Dan moat we gas as asylsiker kwalifiseare. Dan bliuwt it ûnder de grûn.
Eelke Lok