Boargemaster
Hé Arno, hast ek noch in boargemasteke foar ús, fregen se fan’t simmer op de Jouwer. Fansels wol, sei de kommissaris, want dy krijt alle dagen wol inkele fan dy útrendearde politisi en oare seursekken om’e doar, dy’t och sa graach boargemaster wurde wolle. No en dan komt der yngewikkeld gedoch mei in betrouenskommisje en sa, mar yn feite stiet it wol fêst wa at de boargemaster fan De Fryse Marren wurde sil. Ik wit it net, mar it soe my net fernuverje at der yn de tiid dat dizze krante printe waard al immen beneamd is.
De boargemaster wurdt beneamd troch de minister fan ynlânske saken, Judith Uitermark. Se is fan de NSC, at ity safier is bestiet dy partij tink al net mear. Dat makket gjin ferskil, want ministers beneame net mear minsken fan itselde polityke laach. Se sette gewoan in hântekening ûnder it bryfke wat Arno Brok klearmakket. En de Arno Brokken dizze ierde beneame ek al lang gjin partijgenoaten mear.
Sterker, at je tsjintwurdich it listje fan de lju sjogge dy’t sollisiteare nei it amt fan boargemaster sit der in hiel soad by dy’t gjin inkele polityke kleur ha. It is wol handich om sokken te beneamen yn in lân wêr’t de polityke kleur fan dei ta dei feroaret. Mar it jout benammen oan dat in boargemaster net mear in polityk figuer is. It is in ferbiner wurden, en ferbine kin je it bêste as je gjin polityke kleur ha. As der optheden yn in krante stiet dat de boargemaster in foarstel ferdigent, dan docht hy of sy dat sûnder dat hy of sy it dêr mei iens hoecht te wêzen. Ja, der bin noch wol wat dy slûpyntsjes wêrmei je as boargemaster noch wol wat ynfloed ha kinne, mar echt folle is it net.
Dit is it offisiële ferhaal. Mar de wize fan boargemasterbeneamen is in saak fan minsken. En minsken ha altyd eigen foarkarren. Judith Uitermark wie eartiids in CDA-ster, Arno Brok hat tink syn VVD al wat dach sein, mar der bliuwt altyd wat hingjen. De mearderheid fan de betrouwenskommisje is de FNP. Gokje, Jehannes Kramer komt fan Dokkum nei de Jouwer.
Eelke Lok