Parkearboetes
Der stiene lêstenwike in pear ynstjoerde stikjes yn de Ljouwerter Krante fan minsken, dy’t lulk wienen dat se op ien fan de skûtsjedagen yn Lemmer in boete krigen hiene omt se mei harren auto op in ferbean plak parkearden. Frjemd dat se lulk wiene. It is dochs logysk dat at je eat dogge wat net mei, dat je dan in bekeuring krije.
Doe’t in pear dagen letter it bestjoer fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen ek fraachtekens by dizze boetes sette, waard it ynienen lykwols dúdlik dat dit in earnstiger saak is. Want hoe kinne plysjes no op de hillige skûtsjedagen boetes útdiele.
Skûtsjesilen is oeral in ienmalich evenemint. Heechtijdagen foar al de plakken wêr at de skûtsjes sile, dus is dêr ferlet fan parkearromte. In eintsje rinne is der net mear by, dus we parkeare wit-wer al dy auto’s. Dat litte se oeral gewurde, mar al jierren lang yn Lemmer net, ek al omt se op datselde plak alle sinnige wykeinen al safolle wylde parkearders ha.
Dêr bemoeit de SKS him no mei. De SKS freget alve pleatselike kommisjes om in wedstriid te organisearjen. Dy kommisjes bin ek ferantwurdlik foar de auto’s. Frijwol oeral bin der diken ôf te setten, dêr kin dan parkeard wurde. Dat is yn Lemmer net mooglik. At je dêr sizze dat je nei de Jumbo moatte bin je ek al by it silen. En ik sjoch noch net hûnderten minsken fanút de Brekkenpolder nei it strân kuierjen.
SKS-foarsitter René Nagelhout hat oan it begjin fan it skûtsjekampioenskip de oerheid oproppen om sa’n elk jier werom kearend evenemint wat makliker in fergunnning te jaan. De PC-foarsitter en dy fan de IFKS ha’t him neipraten. Dêr ha se hielendal gelyk oan. En dat wurd maklik soe ek jilde moatte foar lytsere eveneminten dy’t har net op de foarside fan de Ljouwerter úterje kinne. Dy organiseare al neat mear.
Mar organisaasjes as de SKS soenen yn oerliz mei de oerheid (en dus ek de plysje) alle saken wol goed organiseare moatte om dêr oan foldwaan te kinnen. Sûnt 1945 is it tal auto’s by it skûtsjesilen wol hiel bot tanaam, sûnder dat der genôch rekken mei hâlden is. Moai putsje kommende winter.
Eelke Lok