Wenunits

Bauke de Wolff wennet yn Skarsterbrêge. Syn wrâld is folle grutter, want hy leart foar bestjoerskundige yn Grins. Bauke de Wolff is dus nog jong; in jier as 25. Likegoed is hy al riedslid foar it CDA. En noch ien mei ambysje ek. 

Bauke de Wolff tsjinne yn de riedsgearkomste nammentlik in amindemint yn. Dan bin je al fierder as de measte riedsleden dy’t inkeld sa no en dan mar lêbbige fragen stelle oer de besluten fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. 

Bauke de Wolff is in leave man. Der moat heechnedich hûzen komme yn de gemeente; der is wenningneed. Dêr wol hy wat oan dwaan. Prima. Hy sette yn dat amindemint dat de ried it kolleezje fersiket (!) om in beliedskader wenunits op te stellen. 

Wenunits bin gjin hûzen, mar hokjes. Us nije regear is tsjin asylsikerssintra, dus kinne de wenunit-fabrikanten dy dingen net mear kwyt. Dy soenen moarn oeral al delset wurde kinne. Dat soe geskikt wêze foar benammen Bauke syn leeftiidsgenoaten. 

It wurdt lykwols neat. Want foardat Bauke syn amindemint by it kolleezje kaam is, binne dy al mei fakânsje. Krekt as de ried. De hiele gemeente docht dêrnei wiken lang neat oars as ôfskied nimme fan Fred Veenstra en it sykjen nei in ferfanger

Dan praat it kolleezje krekt foar de Kryst oer al of net in beliedskadernota te meitsjen. Dat is neat oars as dat je alle foars en tsjins foar wenunits op in rychje sette. Dat rychje liz je dan de ried foar. De ried, dy’t no al klapte foar it amindemint, seit dan dat der in foarstel komme moat om hjir en dêr wat wenunits del te setten. 

Dan giet nei al dat geâldehoer it gemeentehûs, of in ynhierd buro, dêrmei oan de slach. It duorret likernôch twa jier foardat de hiele gemeente frege is om in wenunit njonken de doar of yn de tún te krijen. Dan moat de ried………..

Jim begripe it. Dit duorret jierren. Sterker, alles duorret noch folle langer wylst se de hûzen ferjitte. Dat leave amindemint fan Bauke de Wolff is dus in ekstra hobbel en soarget der foar dat de minsken dy’t nó in hûs ha wolle, it dan net iens mear nedich ha. 

Eelke Lok