Ljipaai


Ik seach ynienen op de Fluessen in sylboatsje. Yn in sleatsje by Koudum makke in poep in moai nestje. Yn it feartsje by Ealahuzen skodden twa einen sa mei de kop dat se der hast in orgasme fan krigen. Op'e fyts ynienen allegear wat âldere mannen mei in pet op de kop, sykjend om de ljip gewaar te wurden. Se koenen gau wer nei hûs, want in oerke letter kaam it berjocht al dat it earste ljipaai fan Fryslân yn Ychtenerbrêge fûn wie. In Peinjumer hie dat dêr dien, mar dy hie't dêr ferline jier ek fûn. In stikje maïs, wêr't dy man fansels al dagen nei sjoen hie, want dêr toarken twa ljippen om. It sil ek wol deselde ljip west ha as ferline jier.  

Dat earste aai is it signaal dat de maaitiid begûn is. Mar dat is dochs foarby? Eartiids wie aaisykjen moai. Mei in pear man trije dagen mei de boat fuort en dagen lang sjen en sykje. En âldehoere. Jûns in slokje en snert. Mar dat is, terjochte, foarby. It is de fraach wêrom at dat earste aai sa krampeftich yn stân hâlden wurdt. Is de gemeente de Fryske Marren no de bêste natoergemeente fan Fryslân omt it earste aai hjir fûn waard? Fansels net. Je hoege derfoar inkeld in Peinjumer trije dagen op it maïslân yn Ychtenerbrêge te smiten.  

En wat in poppekast altyd. Kommissaris, BFVW bestjoerders en boargemasters kin net op wintersport, se moat klear stean om it lân yn om ien of oare hapsnurker te huldigjen foar it finen fan it earste aai. It wie yn de aaisikerstiid al neat, no hielendal net mear. Dat fine normale minsken ek, der bin yn de ôfrûne jierren dagen earder ljipaaien fûn, dy't noait oanmelden binne. Dat hoecht net, in fjildman fynt it genôch dat der wer ljipaaien binne. Syn eigen maaitidsgefoel is it wichtigste.

En it soe de gemeente de Fryske Marren passe om te sizzen dat se net mear meidogge oan dat gedoch. Want dat foldocht net mear oan ús gefoel foar de natoer. Net yn it fjild komme. Bliuw by de hikke stean. At it tiid is foar de neisoarch dan kin jim wer yn it fjild komme.

Eelke Lok