Algemeen

Lêzing Anita Terpstra oer Kadoboek by Podium Gorter

Door: Douwe Bijlsma
Schrijfster Anita Terpstra Foto Hoge Noorden / Jacob Van Essen
Schrijfster Anita Terpstra Foto Hoge Noorden / Jacob Van Essen JACOB VAN ESSEN

BALK - Yn it ramt fan de Fryske Boekewike, fan 4 o/m 12 novimber, hâldt Anita Terpstra in lêzing oer it Kadoboek: ‘Hiltje yn Pella – In Friezinne (1805-1898) op syk nei in better libben yn Amearika‘, dat sy spesjaal foar de Fryske Boekewike skreaun hat.

It is it ferhaal oer Friezinne Hiltje Aukes Sipma, ôfkomstich fan Boarnwert, dy’t mei har hiele húshâlding (man en seis bern) yn 1847 tegearre mei 800 oaren emigrearre nei Amearika en dêr de mienskip Pella oprjochte.

De lêzing is snein 5 novimber, 15.30 oere bij Podium Gorter, Balk. Der is dan ek in bierpriuwerij fan it Tsjerkebier en in boekenkream fan AFÛK. Tagong is fergees.