YNSTJOERD: It Brûsplak komt der, mar wêr en hoe?

Foto Gewoan Dwaan / Douwe Bijlsma

DFM - Fan FNP De Fryske Marren krygen wy ûndersteant ynstjoerd stik.

Yn de riedsgearkomste fan 27 oktober hat de FNP, mei út namme fan hast alle oare fraksjes it ûnderwerp “It Brûsplak op de Jouwer”, fan de wurklist helle. Dat wie noch net ree foar beslútfoarming. De Ried koe net kieze tusken ferskillende lokaasjes, sa’t ôfpraat wie, en ek it finansjele haadstik wie net genôch trochpraten om in beslút nimme te kinnen. De Ried set fast in bedrach op de begrutting, as teken dat de ried wol dat der in Brûsplak op ‘e Jouwer komt, en om fertraging te foarkommen.

De FNP wol earst de foars en tsjins witte (Gerda de Vries)
“Ik ha it hjir moeilik mei hân”, seit FNP-fraksjelid Gerda de Vries. “De projektgroep hat in hiel soad wurk dien, dat witte je, dus dan wolle je har graach stypje. En de FNP is flak foar in brûsplak op ‘e Jouwer. Us fraksje hat yn july 2017 al middels in amendemint jild frij meitsje wollen foar it Lokaal, de foargonger fan it Brûsplak. Mar wy wolle as FNP alle foars en tsjins op in rij ha, foardat wy in beslút nimme. Dat je ek witte wat de alternativen binne. Dat je ek mei de oaren prate kinnen ha oer de kosten. Dat je witte wat dat foar it totale doarpshuzebelied betsjut. Dus hoe spitich ek, we moasten
dit útstelle.''

In oar punt is noch it draachflak. By it petear, foarôfgeand oan de ried, ha de buertbewenners ynsprutsen. Mei gjin alternativen foar de Stuit te jaan, komme de buertbewenners bûten spul te stean. Der is op dit stuit yn de buert gjin draachflak foar de Stuit. “Dy ha wol in punt”, neffens Gerda de Vries, “sadwaande is yn de moasje opnommen dat yn byld brocht wurde moat wat de effekten foar de direkte omjouwing binne fan mooglike lokaasjes.”

Alles meinimmende hat de ried besletten om dit ûnderwerp fan de wurklist te heljen. Middels in moasje, stipe troch hast alle fraksjes fan De Fryske Marren, hat it kolleezje de opdracht krigen mear ynformaasje te jaan oer alternativen en kosten en faker mei de rie kontakt oer dizze kwestje te sykjen.