YNSTJOERD: FNP DFM fynt plannen foar spuitfrije zones in moai begjin

Foto ter illustratie: Pixabay

DFM - De FNP yn De Fryske Marren hat ûndersteand stik ynstjoerd oer de troch it college foarstelde regels foar it gebrûk fan gewasbeskermingsmiddels.

B&W hat yn in parseberjocht witte litten dat se regels foar gewasbeskermingsmiddels en spuitfrije zones ynstelle wolle. Dat sil dien wurde middels in paraplubestimmingsplan, sa’n plan is in oanfulling op besteande bestimmingsplannen. De regel jildt dêrmei yn ien kear foar alle bestimmingsplannen dy’t hjir op ien of oare wize mei anneks binne.

It is in begjin en nog oanhâlde
Fraksjelid Jeltsje Piersma is al skoften dwaande omtinken foar it probleem fan de sproeierij te freegjen. Op de hege sângrûnen, dus benammen yn Gaasterlân, wurde in soad leeljes teelt, dêr’twykliks gif oerhinne spuite wurdt. Ek bij de fruitteelt wurde faak in soad beskermingsmiddels brûkt.

Guon fan dy perselen lizze neist bewenning. It gif bedarret sadwaande yn de tunen. Minsken doarre betiden de ruten net iepen te setten, lit stean sels in grientetún te begjinnen. It is moai dat de gemeente dat probleem no oppakt. Yn it paraplubestemmingsplan wurdt in spuitfrije zone fan 50 meter fan krêft. Dat is in stik better as no, mar it is mar in begjin.

Spitigernôch jildt it aanst allinnich foar dy perselen dy’t earder noch net brûkt binne foar ikkerbou. Mei oare wurden: it is in goed begjin, mar no oanhâlde en trochsette.